Himilko (Fenisysk: Chimilkât) wie in seefarder en ûntdekkingsreizger út Kartago dat doe op it hichtepunt fan syn macht wie. Oer de man is fierders neat bekend.

Himilko is de earste Kartaachske ûntdekkingsreizger dêr't fan bekend is dat er de Noard-Europeeske kusten, útsoarte Cornwall, yn de fjirde iuw foar Kristus berikt hat. Neffens boarnen út de Aldheid befear er in rûte dy't earder naam wie troch de Tartessers. Dat folk hie har keninkryk yn de omkriten fan de Fenisyke koloanje Gades, it Cádiz yn Spanje fan no. Faaks wie er út op hannel yn tin foar it meitsjen fan brûns en op oare (edele) metalen.

Himilko syn ferslaggen binne ferlern gien, mar guon klassike skriuwer helje der wol út oan. Plinius de Alde neamt him yn syn 'Natuerlike Histoarje' en Rufus Festus Avienus jout him trije rigels yn syn Ora Maritima. Himilko ferhellet oer seemeunsters en oare gefaren, mar faaks die er dat om seefarrende konkurrinten te mismoedigjen.