Howard Carter (Kensington, 9 maaie 1874Londen, 2 maart 1939) wie fan 1899 ôf ynspekteur-generaal fan de monuminten fan Boppe-Egypte. Hy waard wrâldferneamd troch de ûntdekking fan it grêf fan Toetanchamon, in farao út it âlde Egypte.

Carter yn 1924, te Chicago.
Howard Carter boppe de sarkofaach fan Toetanchamon, 1923
Tombe fan Toetanchamon

Carter die in protte opgravings yn Egypte, dêr't er mei úteinsette yn 1891 doe't er noch mar 17 jier wie. Hy wie doe dwaande mei de opgraving fan Beni Hassan, de grêven fan de prinsen en prinsessen út it Middenryk (sa'n 2000 f.Kr.). Letter naam de egyptolooch professor W.M. Flinders Petrie hoed en noed oer de jonge Carter.

Yn 1899 waard Carter in baan oanbean troch de Egyptyske Aldheidkundige tsjinst. Yn 1905 naam hy dêr ûntslach fanwege skeel.

Der folgen ferskate drege jierren, oant Carter yn 1907 bekend makke waard mei George Herbert, de greve fan Carnarvon. Lord Carnarvon wie in (amateur)egyptolooch dy't graach ta de bûse woe om Carter syn fierdere wurk mooglik te meitsjen. Rillegau krige Carter de lieding oer alle opgravingen fan Carnarvon.

Lord Carnarvon stipe Carter syn sykjen nei de tombe fan de oant doe ta ûnbekende farao Toetanchamon, waans bestean oars fan Carter ûntdutsen waard. Op 4 novimber 1922 fûn Carter de tombe, dy't bliken die de iennichste oant dan ta benei geve tombe yn de Delling fan de Keningen yn de omkriten fan Luxor te wêzen. Op 16 febrewaris in jier letter iepene Carter de grêfkeamer en seach er foar it earst de sarkofaach fan Toetanchamon.

Nei it ynventarisearjen fan alle fynsten luts Carter him tebek út de archeology en waard er sammeler. Carter stoar 1939 yn de âldens fan 64 jier.

Wurk bewurkje seksje

  • The Tomb of Tut-ankh-amen, vol. I (y.g.m. A.C. Mace), II en III (1923-33).

Keppeling om utens bewurkje seksje