It Igorliet of It Liet fan de Fjildtocht fan Igor (Aldrussysk: Слово о плъку Игоревѣ, Slovo o plŭku Igorevě; Russysk: Слово о полку Игореве, Slovo o polku Igoreve; Oekraynsk: полку Ігоревім, Slovo o polku Ihorevim) is in anonym epos / poëem, skreaun yn it Aldrussysk en datearre ein tolfde iuw en is in seldsum hichtepunt yn de midsiuwske Russyske literatuer. Aleksander Borodin basearre syn ferneamde opera Prins Igor op it Igorliet.

It fjild fan Igor syn slach mei de Povlotsen, troch Viktor Vasnetsov

Ynhâld bewurkje seksje

 
Ivan Bilibin syn yllustraasje by it Igorliet

It Igorliet beskriuwt de ûngelokkige fjildtocht yn 1185 fan Prins Igor fan Novgorod-Severski, in stedsje noardeastlik fan Kiev, tsjin de Polovstsy, plonderjende nomaden. Dy roekeleaze, mar histoarysk ûnbetsjuttende fjildtocht, dy't úteinlik late ta Igor syn nederlaach, wurdt ferhearlike en besongen yn sterk poëtyske bewurdings. Opmerklik is dat Igor net allinnich besongen wurdt, mar ek bekritisearre. As hy net sa ûnbetochtsum west hie om poerallinnich tsjin de fijân op te lûken, mar him feriene hie mei oare Russyske foarsten (benammen mei de grutfoarst fan Kiev), hie er mear kâns hân op súkses. It Igorliet jout dêrmei krityk op de ferdieldheid fan de Russyske foarsten yn de tolfde iuw, doe't it lân al bedrige waard troch ynfallen fan de nomaden út de steppen oan de eastkant fan de Wolga. In iuw letter soe Ruslân alhiel ûnder de ynfloed komme fan de Mongoals-Tartaarske klibers en bruts in tiidrek oan dat bekend stiet as it “Tartarejok” (fan 1220 oant 1480).

 
Earste printe útjefte Igorliet, (1800)

Untdekking bewurkje seksje

It manuskript fan it 'Igorliet' waard earst yn 1793 ûntdekt doe't in gesant fan greve Aleksej Moesin-Poesjkin in bondel âlde hânskriften kocht. Dy samling, dy't blykber út de 16e iuw kaam, befette neist it Igorliet ûnder mear ek de Nestorkronyk. Fanwege Katarina II fan Ruslân waard yn 1796 in mei de hân skreaune kopy makke en yn 1800 ferskynde de earste printe ferzje, dy't daliks ûntfongen waard as in hichtepunt yn de Russyske en wrâldliteratuer. Al gau waarden troch ferneamde Russyske dichters (wêrûnder Vasili Zjoekovski, yn de tweintichste iuw ek Konstantin Balmont en Nikolaj Zabolotski). mar ek yn it bûtenlân, oersettingen makke nei modern Russysk, wêrby't de epyske stikken faak ferfongen waarden troch lyryske.

It orizjinele manuskript gie yn de brân fan Moskou yn 1812 ferlern.

Fragmint: Jaroslavs jammerklacht bewurkje seksje

Jaroslavna klaget yn de moarntiid op de muorren fan Poetivil en seit:
“O wyn, myn wyn!
Wêrom fiersto dyn pylken fan de steppefolken
op dyn lichte wjukken nei dyn krigers fan myn leafste?
Hiest der net genôch oan om ûnder de wolkens te waaien,
de skippen te widzjen op de blauwe see?
Wêrom, hear, hast myn wille ferwaaid oer it steppegers?”
Jaroslavna klaget yn de moarntiid op de muorren fan Poetivil en seit:
“O Dnjepr, Romdrager!
Do hast de stienen bergen trochboarre dwers troch it lân fan de Povlotsen.
Do hast op dyn weagen de boaten fan Svjatoslav widze
en se nei it kamp fan Kobjak fierd.
Bring, o hear, myn leafste nei my werom,
sadat ik him net mear ier yn de moarntiid
myn triennen stjoer oant de see.”
Jaroslavna klaget yn de moarntiid op de muorren fan Poetivil en seit:
“Strieljende, trijeris strieljende sinne!
Foar elts bisto waarm en moai;
Wêrom hear hasto dyn baarnende strilen rjochte
Op de krigers fan myn leafste?
Yn de toarre steppen has haren bôgen fan toarst ferslappe,
harren pylkkokers tichtstoppe fan leed.”

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • A. Bachrach e.a.: Encyclopedie van de wereldliteratuur (lemma J. Blankhoff). Bussum, 1980-1984. ISBN 90-228-4330-0
  • A. Langeveld, W. Weststeijn: Moderne Russyske literatuer, 2005, Amsterdam. ISBN 90-614-3289-8
  • Willem G. Weststeijn & Peter Zeeman: Spiegel van de Russische poëzie (ynlieding W. Weststeijn), Amsterdam, 2000, ISBN 90-290-5595-2