India Summer, echte namme: Jody Jean Olson (Des Moines, 26 april 1976), is in Amerikaansk neakenmodel, pornografysk aktrise en pornoregisseur fan mingd Dútsk, Iersk, Ingelsk en Yndiaansk komôf, wa har namme oft ek wol (mis)stavere wurdt as India Summers.

India Summer
persoan yn de seksyndustry
persoanlike bysûnderheden
oare artyste-
       nammen
India, India Summers
echte namme Jody Jean Olson
nasjonaliteit Amerikaansk
berne 26 april 1976
berteplak Des Moines (Iowa)
etnisiteit Dútsk
Iersk
Ingelsk
Yndiaansk
wurkpaad
wurksum as neakenmodel, pornoaktrise,
regisseur
jierren aktyf 2005 – no
offisjele webside
clubindiasummer.com
India Summer yn 2013.

Libben en karriêre bewurkje seksje

India Summer is hikke en tein yn Des Moines, de haadstêd fan 'e steat Iowa, dêr't se opgroeide as in ienlingsbern. Op 'e middelbere skoalle die se oan hurddraven en cross country. Yn har middelbere-skoaljierren en yn har studintetiid hie se bybaantsjes as ferkeapster yn in juwelierswinkel en as strânwacht. Se hat in bachelorstitel yn ûnderwiiskunde.

Yn desimber 2005, doe't se 29 jier wie, makke se har debút yn in pornografyske film. As artystenamme keas se "India Summer", dat se ûntliende oan it nûmer Indian Summer, fan 'e band The Doors. Yn septimber 2006 begûn se fulltime as pornoaktrise te wurkjen. Underwilens hat se neffens de Internet Adult Film Database (IAFD) al yn mear as 400 pornofilms spile, gauris fan it subsjenre fan 'e milfpornografy. Yn 2011 regissearre se har earste pornofilm, Perfect Fit. Yn jannewaris 2012 makke de Internet Adult Film Database (IAFD) bekend dat Summer "de aktyfste artyste yn 'e [porno]yndustry" wie, mei't se it foargeande jiers yn net minder as 78 ûnderskate film spile hie. Se hat in stikmannich prizen wûn, wêrûnder trije AVN Awards (de Oskars fan 'e pornowrâld): yn 2011 ien foar bêste aktrise, en yn 2012 ien foar milf/cougar-artyste fan it jier.

Njonken har aktearwurk posearret Summer ek foar neakenblêden en hat se lytse roltsjes hân yn 'e mainstream-tillefyzjesearjes Sons of Anarchy en Dexter. Summer is mear as tsien jier troud, mar is in swinger. Se omskriuwt harsels as "tige biseksueel", en docht oan yoga, tantryske seks en meditaasje.

Prizen en nominaasjes bewurkje seksje

Jier Priis Resultaat Kategory Foar har optreden yn
2010 AVN Award nominearre bêste aktrise Drill Baby Drill!
CAVR Award wûn milf fan it jier n.f.t.
2011 AVN Award nominearre bêste lesbyske triosekssêne
(mei Dana DeArmond en Chastity Lynn)
Lesbian House Hunters 1
nominearre bêste lesbyske sekssêne mei in pearke (mei Lorelei Lee) Private Independent 2: Open Invitation –
A Real Swinger’s Party in San Francisco
nominearre bêste lesbyske groepsekssêne (mei 6 oaren) An Orgy of Exes
nominearre bêste groepsekssêne
(mei Lorelei Lee, James Deen en Mickey Mod)
Private Independent 2: Open Invitation –
A Real Swinger’s Party in San Francisco
nominearre bêste groepsekssêne (mei 13 oaren) Bonny & Clide
nominearre bêste byrol fan in aktrise The Sex Files 2: A Dark XXX Parody
wûn bêste aktrise Private Independent 2: Open Invitation –
A Real Swinger’s Party in San Francisco
XRCO Award nominearre milf fan it jier n.f.t.
2012 AVN Award nominearre bêste lesbyske sekssêne mei in pearke (mei Prinzzess) Lesbian Sex 1
nominearre bêste byrol fan in aktrise Eternal
wûn milf/cougar-artyste fan it jier n.f.t.
Xbiz Award wûn milf fan it jier n.f.t.
XRCO Award wûn milf-artyste fan it jier n.f.t.
wûn ûnderwurdearre stjer n.f.t.
2013 AVN Award nominearre bêste lesbyske sekssêne mei in pearke (mei Prinzzess) Lesbian Sex 9
nominearre bêste aktrise The Graduate XXX: A Paul Thomas Parody
XRCO Award nominearre milf-artyste fan it jier n.f.t.
2014 AVN Award nominearre bêste lesbyske sekssêne mei in pearke (mei Casey Calvert) Teach Me 3
wûn milf-artyste fan it jier n.f.t.
2015 AVN Award nominearre bêste lesbyske groepsekssêne (mei oaren) Mysterious Ways
wûn milf-artyste fan it jier n.f.t.
Xbiz Award nominearre bêste byrol fan in aktrise Sexual Liberation of Anna Lee
nominearre bêste aktrise (couples-themed release) Swinger 4
XRCO Award wûn milf-artyste fan it jier n.f.t.
2016 Xbiz Award wûn bêste aktrise yn in feature film Marriage 2.0
wûn bêste sekssêne yn in feature film Marriage 2.0

Keppelings om utens bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.