Inne de Jong (Nijemardum, 13 septimber 1894 - Balk, 27 maart 1975) wie in ûnderwizer en Frysk skriuwer.

Inne de Jong
skriuwer
persoanlike bysûnderheden
echte namme Inne de Jong
nasjonaliteit Nederlânsk
berne 13 septimber 1894
berteplak Nijemardum (Fryslân)
stoarn 27 maart 1975
stjerplak Balk (Fryslân)
etnisiteit Frysk
wurk
taal Nederlânsk
sjenre berneboeken, poëzij, oersettings
perioade midden 20e iuw
bekendste
  wurk(en)
Jonges fen Gaesterlân
De Houn fan 'e Baskervilles (fert.)
prizen 3x Rely Jorritsmapriis
jierren aktyf 19391975
offisjele webside
n.f.t.

Libben bewurkje seksje

Brocht syn jeugd troch yn Gaasterlân dêr't syn âlden buorken op in pleats te Nijemardum. Sels kaam er as jonge fan tolve ek by de boer oan it wurk, mar dêr seach er syn takomst dochs net lizzen. Op syn sechtjinde gong er nei de kweekskoalle en slagge trije jier letter foar it ûnderwizersdiploma. Hy krige al gau in beneaming oan in kristlike basisskoalle op De Lemmer. Fan 1914 - 1917 hat er dêr ûnderwizer west. Nei trije jier foar de klas stien te hawwen waard Inne de Jong advertinsjekorrektor en sjoernalist by it Frysk Deiblêd. Yn dy tiid keas de Jong foar it antymilitarisme en waard er lid fan de Kristlik Demokratyske Uny (CDU), doetiids de partij fan de kristen-soasjalisten. Dat brocht him yn konflikt mei de haadredaksje fan it FD en De Jong naam ûntslach.

De Jong hat ek publisearre ûnder de skûlnamme W. Banda.

Wurk bewurkje seksje

Poëzij
  • 1939 : Harstwiich
  • 1973 : Wylde ierdbeien
Berneboeken
  • 1941 : Jonges fen Gaesterlân
  • 1950 : Nije aventûren fan de jonges fan Gaesterlân
Oersettings fan eigen wurk
  • 1961 : Jongens van Gaasterland (gearfetting fan Jonges fen Gaesterlân en Nije aventûren fan de jonges fan Gaesterlân)
Oersettings nei it Frysk

Rely Jorritsmaprizen bewurkje seksje

  • Yn lyts bestek (fers, 1954)
  • Yntermezzo (ferhaal, 1955)
  • Moarnstjerre (fers, 1960)

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes: