It Kypmantsje is in trekker dy't spesjaal boud is om meidwaan te kinnen oan tractorpulling.

It Kypmantsje yn aksje
It Kypmantsje

De lêste ferzje fan de trekker wurdt oandreaun troch twa Rolls-Royce Griffon, V-12, type M.K. 58, fleanmasinemotors. Dy motors binne opfierd en jouwe likernôch 3500 pk de motor; eltse motor hat sa'n 37 liter silinderynhâld (36,75 liter); it brânstofsysteem is oanpast en de motors rinne no op metanol.

De trekker docht mei yn de Frije Klasse 4,5 ton, dit is de swierste frije klasse yn Nederlân. Yn dizze klasse ride trekkers mei in ferskaat oan motoren, ûnder oaren: turbinemotors, V-8 motors en V-12 motors.

Kypmantsje komt fan de bynamme fan lju út Drylts, dêr't it team wei komt. Teffens is it in Fryske oantsjutting foar in marsedrager.

Op 6 novimber 2010 makke it team buorkundich dat it fan 2011 ôf (nei 32 jier) net mear meidocht oan wedstriden.

Keppeling om utens bewurkje seksje