Ivanhoe (film út 1952)

Ivanhoe is in Amerikaansk-Britske histoaryske aventoere- en ridderfilm út 1952 yn Technicolor. De film stie ûnder rezjy fan Richard Thorpe, en hie Robert Taylor en Elizabeth Taylor (gjin famylje) yn 'e haadrollen. De titel ferwiist nei de namme fan 'e haadpersoan, de Ingelske ridder Wilfred fan Ivanhoe. De film is basearre op 'e ferneamde histoaryske roman mei deselde namme fan sir Walter Scott út 1820. It ferhaal folget Ivanhoe by syn krewearjen om kening Richard Liuwehert frij te krijen, dy't op 'e weromreis fan 'e Trêde Krústocht yn it Hartochdom Eastenryk finzen nommen is en fêstholden wurdt oant in hege lospriis betelle is. Syn ferriedlike broer Jan sûnder Lân, dy't yn ôfwêzigens fan Richard as regint oer it Keninkryk Ingelân regearret, is lykwols fan doel om Richard sitte te litten, sadat er sels kening wurde kin. Ivanhoe krige oer it algemien positive resinsjes fan 'e filmkritisy en wie in grut kommersjeel súkses yn 'e bioskopen.

Ivanhoe
film
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy)
makkers
regisseur Richard Thorpe
produsint Pandro S. Berman
senario Marguerite Roberts
Æneas MacKenzie
Noel Langley
basearre op Ivanhoe fan sir Walter Scott
kamerarezjy Freddie Young
muzyk Milós Rózsa
filmstudio Metro-Goldwyn-Mayer
distribúsje Metro-Goldwyn-Mayer
spilers
haadrollen Robert Taylor
Elizabeth Taylor
voice-over Emlyn Williams
byrollen Joan Fontaine
George Sanders
Emlyn Williams
Robert Douglas
Finlay Currie
Felix Aylmer
skaaimerken
lân/lannen Feriene Steaten
Feriene Keninkryk
premiêre 31 july 1952
foarm langspylfilm
sjenre ridderfilm
taal Ingelsk
spyltiid 107 minuten
budget en resultaten
budget $3.842.000
opbringst $10.878.000

Plot bewurkje seksje

Op 'e weromreis fan 'e Trêde Krústocht fan it Hillige Lân nei it Keninkryk Ingelân ferdwynt de Ingelske kening Richard Liuwehert spoarleas. Ien fan syn trouste ridders, de Sakser Wilfred fan Ivanhoe, giet op in kweeste om syn lienhear te finen en treft him lang om let oan yn in kastiel yn it Hartochdom Eastenryk, dêr't er finzen hold wurdt troch hartoch Leopold fan Eastenryk. Dyselde easket de ûnbidich hege lospriis fan 150.000 sulvermarken foar syn frijlitting. Richard syn ferriedlike jongere broer Jan sûnder Lân, dy't yn ôfwêzigens fan 'e kening as regint oer Ingelân hearsket, wit fan finzenskip en lospriis wol ôf, mar is net fan doel te beteljen, mei't er by de weromkear fan syn broer al syn macht wer ôfstean moatte soe. Ivanhoe swart dat er de lospriis op eigen manneboet gearskraabje sil, sadat de kening frijkocht wurde kin.

De kening fertelt Ivanhoe dat behalven prins Jan ek guon foaroansteande eallju diel útmeitsje fan 'e gearspanning tsjin him, eallju dy't ta de Normandyske boppelaach fan 'e Ingelske befolking hearre. Werom yn Ingelân docht Ivanhoe him foar as in omdoarmjend minstreel en wachtet it reisselskip op fan twa fan dy eallju, Brian de Bois-Guilbert en Hugh de Bracy. Dyselden binne ûnderweis nei in stekspul te Ashby-de-la-Zouch en sykje in ûnderkommen om 'e nacht troch te bringen. Ivanhoe jout him as gids by harren gefolch en liedt harren nei Rotherwood, de boarch fan syn fan him ferfrjemde heit Cedric. Hoewol't Cedric in grutske Sakser is dy't neat mei Normanjers op hat, hâldt er him oan syn plichten as gasthear en nûget de mannen deryn. As letter in oare reizger, in Isaac fan York, te Rotherwood om ûnderdak foar de nacht freget, lit Cedric ek dy deryn, ek al is it in Joad. Cedric nimt de gelegenheid te baat om Bois-Guilbert en Bracy fyntsjes yn te wriuwen dat er gjin ûnderskie makket tusken Normanjers en Joaden.

Underwilens glûpt Ivanhoe nei de keamer fan frouwe Rowena, in jonkfrou dy't ûnder syn heite fâdij stiet. Mei har wikselet er in hertstochtlike tút út, mei't se harren oaninoar fersein hawwe. Rowena freget letter dy jûns Cedric om by har te kommen, wêrnei't yn har keamer in konfrontaasje tusken Ivanhoe en syn heit folget. De âldman is noch altyd poer oer it beslút fan syn soan om op krústocht te gean, wylst der yn Ingelân genôch te fjochtsjen falt om 'e Saksyske befolking te beskermjen tsjin útrûpeling troch de Normandyske adel. Ivanhoe freget him ynmoedich om help by it ynsammeljen fan 'e lospriis foar de kening, mar Cedric seit dat de kening ek in Normanjer is, en dat it him ientûtmem is hokker Normanjer op 'e troan sit. Boppedat hat er gjin soan, sa hâldt er fol, mei't in soan fan him nea op krústocht gien wêze soe.

Ivanhoe beslút sa gau mooglik ôf te setten. Wamba, de nar fan Cedric, freget oft er meigean mei, wêrnei't Ivanhoe him beneamt ta syn skyldfeint. As de beide mannen hynders helje yn 'e stâl, binne se der tsjûge fan hoe't Isaac fan York, dy't yn 'e stâl leit te sliepen, troch twa Normandyske kriichslju út it gefolch fan Bois-Guilbert en Bracy berôve wurdt. Ivanhoe grypt yn en hy en Wamba wurde de kriichslju oermânsk en bine harren fêst. Isaac, dy't botte kjel wurden is fan it foarfal, beslút daliks fierder te reizgjen nei syn hûs yn Sheffield. Ivanhoe, dy't de âldman te neare nacht net allinnich gean litte wol, beslút him te beselskipjen en lit him op in hynder ride, sadat er net hoecht te rinnen. Nei't er thúsbrocht is, nûget Isaac Ivanhoe deryn en freget hoe't er him foar al syn help werombetelje kin. Ivanhoe sjocht dan syn kâns skoan en leit Isaac de saak fan kening Richard en de lospriis foar. Isaac, as ien fan 'e foaroanlju fan 'e Joadske mienskip yn Ingelân, seit ta dat de Joaden it bedrach dat Ivanhoe en de oare trouwe ûnderdienen fan Richard ynsammelje, oansuverje sille oant de folle 150.000 sulvermarken.

Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun.
As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.

Ivanhoe seit dat er eins ek ferlet hat fan in wapenris, wapens en in hynder, sadat er meidwaan kin oan it stekspul yn Ashby-de-la-Zouch. As er dêr as Sakser de Normandyske ridders fan prins Jan ferslaan kin, sil dat de ynsammelingsaksje in oansjenlike ympuls jaan, sa mient er. Op dat stik kin Isaac, dy't net folle persoanlike rykdom besit, him lykwols net helpe. Nei't Ivanhoe mei Wamba yn yntrek nommen hat yn in herberge yn Sheffield, trappearret er dyselde nachts noch in ynkringer yn syn keamer. Hy nimt dy persoan finzen, dy't in frou blykt te wêzen. Hja seit dat hja in tsjinstfaam út 'e húshâlding fan Isaac fan York is, en dat har masteresse, Isaac syn dochter Rebecca, har hjitten hat om Ivanhoe har juwiellen te bringen, dat er dêr in hynder en wapenris fan keapje kin. Ivanhoe lit him lykwols net bedrage en ken de frou werom as Rebecca sels, fan wa't er by syn besyk oan it hûs fan Isaac in momint lang yn in spegel in glim opfongen hat. Hy nimt har geskink oan en stjoert Wamba mei om har wer feilich thús te bringen.

It stekspul te Ashby-de-la-Zouch hat gâns folk lutsen, en sels prins Jan is oanwêzich. De Normandyske ridders Brian de Bois-Guilbert, Hugh de Bracy, Reginald Front-de-Bœuf, Philip de Malvoisin en Ralph de Vipont ferslane al harren Saksyske tsjinstanners. As se miene dat se de einoerwinning behelle hawwe, ferskynt der noch ien nije Saksyske ridder, dy't tarist is yn it swart, syn gesicht efter in sletten fizier ferberget en gjin embleem fiert. Syn namme makket er likemin bekend, mar hy daget alle fiif Normandyske ridders út en ferslacht koart nei-inoar Malvoisin, Vipont en Front-de-Bœuf. Tuskentroch bringt er in salút (troch syn lâns foar har sakje te litten) oan Rebecca, dy't har mank it publyk befynt yn in segregearre seksje dy't reservearre is foar Joaden. Wannear't Bois-Guilbert Rebecca sjocht, is it foar him leafde op it earste gesicht, mar Rebecca sels is dan al folslein fereale rekke op Ivanhoe.

As de ûnbekende ridder it opnimt tsjin Bracy, ferslacht er dyselde ek, mar dêrby rint er in wûne oan it skouder op. Tsjin dy tiid hawwe de oanwêzige Saksers, ûnder wa Cedric fan Rotherwood, frouwe Rowena en Locksley, de oanfierder fan 'e in mânske binde strûkrôvers út 'e bosken, de identiteit fan 'e ridder al ret: it is nimmen oars as Ivanhoe. Yn 'e lêste wedstryd, tsjin Bois-Guilbert, wit dy lêste mei muoite yn it seal te bliuwen, wylst it Ivanhoe is dy't nei ôfrin fan syn hynder rûgelet. Hy wurdt mei in brankaar fan it fjild helle en nei syn tinte brocht, dêr't Rebecca har tsjinsten as genêzeresse oanbiedt. Cedric, dy't noch altyd folhâldt dat er gjin soan hat, stjoert nettsjinsteande dat Rowena om te sjen hoe't it mei Ivanhoe liket. Rebecca en Rowena kenne inoar fuortendaliks werom as rivalen, mar dochs wit Rebecca fan Rowena tastimming te krijen om Ivanhoe nei har heite hûs yn Sheffield te bringen, sadat se him dêr ferplege kin. Wylst Ivanhoe dêr bewusteleas op bêd leit, ferklearret Rebecca him har leafde, ek al wit se dat it tusken in joadinne en in kristen neat wurde kin.

Underwilens ûntdekke prins Jan en syn ridders de identiteit fan Ivanhoe en dat er dwaande is om 'e lospriis foar de frijlitting fan kening Richard yn te sammeljen. Prins Jan jout dêrop oan Bois-Guilbert de opdracht om Ivanhoe en eltsenien dy't him helpt op te pakken en foar him te bringen om berjochte te wurde. Jan-en-dy wurde lykwols yn 'e gaten holden troch Locksley syn mannen, en sadwaande berikt in warskôging it hûs fan Isaac ear't de Normanjers dêr arrivearje kinne. Ivanhoe, dy't ûnderwilens fierhinne opbettere is, hjit Isaac en Rebecca om har ûnder beskerming fan Cedric te stellen, dy't yn Sheffield talme hat, wachtsjend op nijs oer de tastân fan syn soan. Sels set Ivanhoe mei Locksley ôf nei de bosken. As it selskip fan Cedric fan Rotherwood letter lykwols op York oangiet, wurdt it ûnderweis oanfallen troch Bois-Guilbert, Bracy en Front-de-Bœuf en harren kriichslju, dy't de Saksers oerweldigje.

Cedric, Wamba, Isaac, frouwe Rowena en Rebecca wurde finzen nommen en meifierd nei Torquilstone, it kastiel fan Front-de-Bœuf. Dêr wurde Wamba en Isaac fuortendaliks nei de tsjerkers brocht, wylst Cedric, Rowena en Rebecca yn keamers opsletten wurde. As Ivanhoe fan harren lot heart, riidt er lykme allinne nei Torquilstone, dêr't er himsels oanbiedt yn ruil foar de frijlitting fan syn heit en de oare finzenen. Bois-Guilbert nimt dat oanbod oan en Ivanhoe jout him oer. Hy wurdt koart weriene mei Cedric, dy't him no ferjeffenis skinkt foar syn ôfsetten op krústocht, en him wer as soan oannimt. As Ivanhoe Bois-Guilbert opropt om no wurd te hâlden troch Cedric en de oaren frij te litten, antwurdet dy dat er dat ek dwaan sil… nei't Ivanhoe ferteld hat wêr't it jild foar de lospriis bewarre wurdt, sadat dat yn beslach nommen wurde kin. Dêrop wurde Ivanhoe en Cedric troch Front-de-Bœuf ôffierd nei de tsjerkers. Underwilens besiket Bracy frouwe Rowena yn 'e keamer dêr't se fêstholden wurdt, en seit har oan dat er fan doel is en nim har ta frou, oft se dat no wol of net. En Bois-Guilbert siket Rebecca op, oan wa't er ûnthjit dat er har heit en Ivanhoe yn libben hâlde sil as sy syn mêtresse wurdt.

Ear't de tramtearring fan 'e finzenen begjinne kin, ferskynt Locksley foar de poarten fan Torquilstone, dy't de frijlitting fan 'e finzenen easket. As syn wurden negearre wurde, komt syn leger fan strûkrôvers en oar sljochtwei Saksysk folk út 'e omlizzende bosken foar it ljocht en slacht belis foar it kastiel. Bois-Guilbert-en-dy litte Ivanhoe út 'e tsjerker helje om him op 'e heechste toer oan 'e belegerders sjen te litten, wernei't se driigje him fan 'e muorre te smiten. Ivanhoe wit lykwols oan Front-de-Bœuf te ûntsnappen en komt op frije fuotten yn it kastiel, dêr't er inkele kriichslju út 'e wei rommet en harren wapens stelt. Hy bejout him wer nei de tsjerkers, dêr't er syn heit, Wamba en Isaac befrijt, wêrnei't se it kastiel yn 'e brân stekke. Front-de-Bœuf en in stikmannich fan syn kriichslju komme har oer it mad. Front-de-Bœuf driuwt Wamba tebek de brân yn, dat er omkomt, mar wurdt dêrnei sels deamakke troch Ivanhoe.

Wylst de ferdigening fan Torquilstone ynsakket en Locksley en syn mannen it kastiel binnenkringe, beslute Bois-Guilbert en Bracy om te besykjen om út te naaien troch de beide froulju as libben skyld te brûken. Bracy wurdt finzen nommen as er Rowena út har keamer helje wol, mar Bois-Guilbert ûntkomt mei Rebecca by him. Letter nimt prins Jan Rebecca fan in ferheftich tsjinakseljende Bois-Guilbert oer, om har te berjochtsjen foar hekserij. Om dêrfan ôf te sjen wol Jan in lospriis fan 100.000 sulvermarken hawwe, wat sekuer it bedrach is dat de Joaden fan Ingelân ûnder lieding fan Isaac fan York byinoar brocht hawwe foar de lospriis fan kening Richard. Ivanhoe stelt dat nimmen it Isaac kwea-ôf nimme sil as er der ynstee foar kiest syn dochter te rêden. Foar dy wrede kar steld, kiest Isaac der lykwols foar om 'e kening te befrijen, om't dat goed is foar alle Joaden yn Ingelân en net inkeld foar him persoanlik. Ivanhoe ûnthjit him dat er alles dwaan sil om Rebecca te rêden. De taak om 'e kening yn Eastenryk los te keapjen, draacht er dêrom oer oan syn heit.

In skoft letter wurdt Rebecca by har berjochting troch prins Jan feroardiele om as hekse op 'e brânsteapel terjochtsteld te wurden. Bois-Guilbert kantet him dêr ferskate kearen fûleindich tsjin oan, mar syn uterings wurde útlein as bewiis dat Rebecca him betsjoend hat. Ear't de deastraf útfierd wurde kin, ferskynt Ivanhoe lykwols, dy't it fûnis oanfjochtet troch him te beroppen op it godsgerjocht. Dat wol sizze dat er in duël útfjochtsje sil mei in kampioen dy't troch it gerjochtshôf keazen wurdt; foarôf sil God oanroppen wurde, en wa fan beide dielnimmers de twakamp wint, sil dan bepaald wurde troch de wil fan God. As Ivanhoe wint, giet Rebecca frijút, mar as syn tsjinstanner wint, komt se op 'e brânsteapel. Yn in ûnderhânske streek stelt prins Jan Bois-Guilbert oan as foarfjochter fan it gerjochtshôf.

Inkele dagen letter fynt it godsgerjocht plak op it toernoaifjild fan Ashby-de-la-Zouch. Yn 't foar docht Bois-Guilbert noch in lêste wanhopige oprop oan Rebecca: as se him har leafde ferklearret, sil er it godsgerjocht opjaan sadat Ivanhoe wint en Rebecca frijút giet. Dat soe him mei-iens ek syn aadlike titel en al syn ear kostje, mar dat is in priis dy't er foar har oer hat. Hja wegeret lykwols en seit inkeld: "Wy binne allegear yn Gods hân, myn hear de ridder." Yn it duël brûkt Bois-Guilbert in striidfleil en Ivanhoe in striidbile. It gefjocht begjint op hynders, wêrby't de beide mannen mei har wapens op inoars skylden ynbûtse. Op in stuit rekket Ivanhoe fan syn hynder ôf, wêrnei't Bois-Guilbert it hichteferskil yn syn foardiel hat om mei ekstra krêft ta te huffen. Ivanhoe syn skyld rekket alhiel ferbûgd en úteinlik wurdt it him út 'e hannen slein. Dan sil Bois-Guilbert oer himsels gear, mar Ivanhoe fangt de bal mei pjukken fan 'e striidfleil oer de stâle fan syn bile hinne op, sadat it keatling deromhinne wuollet, wêrnei't er Bois-Guilbert oan syn eigen wapen út it seal skuort. Bois-Guilbert rekket ûnder fuotten, en Ivanhoe hout op him yn mei syn bile. It is dúdlik wa't de winner fan it godsgerjocht is.

Op dat stuit riidt in swiid útdoste rutertroep it terrein op, mei oan it haad nimmen oars as kening Richard Liuwehert, dy't foar de troan mei syn broer Jan derop hohâldt. Mei tsjinnichheid komt Jan fan syn plak om foar de kening te bûgen. Underwilens leit Bois-Guilbert yn 't stjerren en freget om Rebecca. Tsjin har fersuchtet er dat it wrede lot ornearre hat dat hy it wie en net Ivanhoe, dy't fan har hold. Hy ropt Gods beskerming oer har ôf en stjert. Neitiid jout Rebecca de wierheid fan syn wurden ta oan frouwe Rowena, dy't fan Rebecca nea wat te eangjen hie om't Ivanhoe altyd al fan Rowena hold en net fan Rebecca. Richard Liuwehert oarderet it omsteand laach om oerein te kommen fan har bûging oan him, mar net as Normanjers of Saksers, mar as Ingelsen.

Rolferdieling bewurkje seksje

 
Robert Taylor.
 
Elizabeth Taylor.
 
Joan Fontaine.
haadrollen
personaazje                                    akteur/aktrise
Wilfred fan Ivanhoe Robert Taylor
Rebecca Elizabeth Taylor


byrollen
personaazje akteur/aktrise
frouwe Rowena Joan Fontaine
Brian de Bois-Guilbert George Sanders
Wamba (en voice-over) Emlyn Williams
Hugh de Bracy Robert Douglas
Cedric fan Rotherwood Finlay Currie
Isaac fan York Felix Aylmer
Locksley (Robin Hood) Harold Warrender
Reginald Front-de-Bœuf Francis De Wolff
prins-regint Jan sûnder Lân Guy Rolfe
Waldemar Fitzurse Basil Sydney
de klúzner fan Copmanhurst (Broer Tuck) Sebastian Cabot
kening Richard Liuwehert Norman Wooland
Philip de Malvoisin Patrick Holt
Ralph de Vipont Roderick Lovell
Hundebert John Ruddock
Baldwin Michael Brennan
tsjinstfaam fan Isaac Megs Jenkins
Normandyske kriichsman Valentine Dyall
Roger fan Bermondsley Lionel Harris
Eastenrykske mûnts Carl Jaffe
Elgitha May Hallatt
skyldwacht op Torquilstone Robert Brown
Joadske foaroanman Martin Benson

Produksje en distribúsje bewurkje seksje

Produksje bewurkje seksje

Ivanhoe waard regissearre troch Richard Thorpe nei in senario op basis fan fan 'e ferneamde histoaryske roman Ivanhoe, fan 'e Skotske skriuwer sir Walter Scott. It senario waard skreaun troch Æneas MacKenzie en Noel Langley, mar yn haadsaak troch Marguerite Roberts.

Roberts moast lykwols yn 1951, yn it ramt fan 'e Twadde Reade Panyk dy't doe de Feriene Steaten yn 'e besnijing hie, ferskine foar de Kommisje oangeande Un-Amerikaanske Aktiviteiten fan it Hûs fan Offurdigen. Sy en har man John Sanford berôpen har dêr op har swijrjocht en wegeren te antwurdzjen op 'e fraach oft se lid wiene of west hiene fan 'e Amerikaanske Kommunistyske Partij. Dêrnei waarden se allebeide op 'e Swarte List fan Hollywood set, wat betsjutte dat se net mear yn 'e Amerikaanske filmyndustry wurkje mochten. Filmstudio Metro-Goldwyn-Mayer (MGM) krige fan it Screen Writers Guild, it fakbûn fan senarioskriuwers, tastimming om 'e namme fan Roberts út 'e begjintitels fan Ivanhoe te ferwiderjen. It soe njoggen jier duorje ear't se wer yn Hollywood oan it wurk koe.

As produsint wie Pandro S. Berman by Ivanhoe belutsen foar de filmstudio MGM. Foar de film, dy't in Amerikaansk-Britske ko-produksje wie, waard in budget beskikber steld dat $3.842.000 bedroech. De kamerarezjy wie yn 'e hannen fan Freddie Young, en de filmmuzyk waard fersoarge troch Milós Rózsa.

 
Joan Fontaine as frouwe Rowena yn Ivanhoe.

Opnamen bewurkje seksje

De opnamen foar Ivanhoe fûnen foar it meastepart plak yn 'e studio's fan MGM-British Studios yn Borehamwood yn it Ingelske greefskip Hertfordshire, en by it Kastiel Doune yn Skotlân. Sawol it stekspul te Ashby-de-la-Zouch as it belis fan it kastiel Torquilstone waarden filme yn it grutte bûtengebiet fan Borehamwood. De sênes yn 'e bosk waarden opnommen yn it Wâld fan Ashridge, op 'e grins fan Hertfordshire mei Buckinghamshire.

Distribúsje bewurkje seksje

De distribúsje fan Ivanhoe waard fersoarge troch Metro-Goldwyn-Mayer. De film gie op 31 july 1952 yn New York yn premiêre, en iepene fuort dêrnei yn 'e Amerikaanske bioskopen.

Ferskillen tusken film en roman bewurkje seksje

Tusken de histoaryske roman Ivanhoe fan sir Walter Scott en de film besteane frijwat ferskillen. Sa ûntbrekke yn 'e film de personaazjes fan 'e bargehoeder Gurth, de ôfstammeling fan 'e Angelsaksyske keningen fan Ingelân Athelstane fan Coningsburgh, de jonkfrou op jierren Ulrica fan Torquilstone, grutmaster fan 'e Tempeliers Lucas Beaumanoir en prior Aymer fan Jorvaulx. (Yn 'e film binne de personaazjes fan Wamba en Gurth mei-inoar ferraand.) Boppedat wurdt yn 'e film net ien kear ferwiisd nei de ridderoarders fan 'e Timpeliers en de Hospitaalridders, dy't yn it boek in tige promininte rol spylje. De film draait fierhinne om it gearbringen fan in lospriis om kening Richard Liuwehert frij te krijen, wylst dyselde oan it begjin fan it boek al frijkocht en yn momkape nei Ingelân weromkeard is.

Yn it boek docht Ivanhoe him foar as in pylger, net as in minstreel. Yn 'e film nimt Ivanhoe by it stekspul de rol fan 'e swarte ridder oan, wylst dat yn it boek kening Richard sels is. Yn 'e film sneuvelet Wamba by de belegering fan Torquilstone, wylst er yn it boek yn libben bliuwt. Yn 'e film fermoardet Ivanhoe by de belegering fan Torquilstone twa kriichslju fan Front-de-Bœuf troch harren fan efteren oan te fallen; yn it boek bliuwt er oan 'e ein ta in echte hear, in toanbyld fan hoaskens, dy't soks nea dwaan soe. Yn it boek wurdt Rebecca foar hekserij feroardiele troch de Timpeliers, net troch prins Jan. Yn it boek wurdt, ta ein beslút, geandewei it ferhaal dúdlik dat Locksley en de klúzner fan Copmanhurst eins Robin Hood en Broer Tuck binne. Yn 'e film wurde dy nammen net neamd, hoewol't oan akteur Sebastian Cabot mei opsetsin wol it uterlik jûn wie fan 'e bekend Broer Tuck spile troch Willard Louis yn Robin Hood (1922).

Untfangst bewurkje seksje

Fan 'e filmkritisy krige Ivanhoe oer it algemien positive resinsjes. Sa skreau Bosley Crowther yn The New York Times dat "produsint Pandro S. Berman en Metro-Goldwyn-Mayer in film makke hawwe dêr't sy grutsk op wêze kinne en dy't Scott en de Ingelske skiednis rjocht docht."

Op 'e webside Rotten Tomatoes, dy't resinsjes sammelet, hat Ivanhoe in goedkarringspersintaazje fan 79%, basearre op 19 ûnderskate resinsjes. Op Metacritic, de wichtichste konkurrint fan Rotten Tomatoes, behellet Ivanhoe in goedkarringspersintaazje fan 75%, basearre op 6 resinsjes.

Resultaat bewurkje seksje

Opbringst bewurkje seksje

Ivanhoe brocht yn 'e bioskopen yn 'e Feriene Steaten en Kanada $5.810.000 op, en yn alle oare lannen en territoaria $5.086.000. Wrâldwiid kaam de opbringst dêrmei út op $10.878.000. Ofset tsjin it budget fan $3.842.000 betsjut dat in winst fan $7.036.000 miljoen, hoewol't dêr de marketingkosten noch wol ôf moatte. Foar 1952 wie dat in reuseftich heech bedrach. Ivanhoe wie dan ek de op fjouwer nei meast opbringende film fan dat jier en teffens de meast opbringende MGM-produksje fan it jier.

Prizen bewurkje seksje

Ivanhoe waard yn 1953 by de Oscars nominearre foar prizen yn trije kategoryen, te witten: bêste film, bêste kamerarezjy yn in kleurefilm en bêste filmmuzyk. De film waard ek nominearre foar twa Golden Globes, foar bêste filmmuzyk en foar bêste film dy't ynternasjonaal begryp promoatet.

Keppelings om utens bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.