J.J. Voskuil, skriuwersnamme fan Johannes Jacobus (Han) Voskuil (De Haach, 1 july 1926Amsterdam, 1 maaie 2008) wie in Nederlânsk folkekundige en skriuwer fan romans en koarte sketsen.

J.J. Voskuil
skriuwer
J.J. Voskuil
J.J. Voskuil
persoanlike bysûnderheden
echte namme Johannes Jacobus Voskuil
nasjonaliteit Nederlânsk
berne 1 july 1926
berteplak De Haach
stoarn 1 maaie 2008
stjerplak Amsterdam
wurk
sjenre roman, etnografy, reisferhaal
perioade 1956 - 2008
bekendste
  wurk(en)
Bij nader inzien, de rige Het Bureau
prizen sjoch tekst
offisjele webside
Voskuil yn de DBNL

Libben bewurkje seksje

Voskuil wie de âldste soan fan Klaas Voskuil (1895-1975), haadredakteur fan Het Vrije Volk, dy't fral bekend wurden is troch syn VARA-radiorubryk Socialistisch Commentaar. J.J. Voskuil is ferneamd nei syn pake Johannes Jacobus Voskuil, dy't bakker wie te Swol.

Nei syn stúdzje Nederlânsk oan de Gemeentlike Universiteit yn Amsterdam wurke Voskuil as oersetter by de EGKS yn Straatsburch en neifolgjend yn it seizoen 1955/56 as learaar oan in kweekskoalle yn de stêd Grins. Werom yn Amsterdam die er as studint-assistint mei oan in útjefte fan it wurk fan P.C. Hooft. Yn 1957 kaam er yn tsjinst by it Instituut voor Dialectologie, Volks- en Naamkunde, it tsjintwurdige Meertens Ynstitút.

Voskuil hat troud west mei Lousje Haspers. Beide wiene dierebeskermers. Yn 1997 rjochte Voskuil de dierewolwêzenorganisaasje Stichting Varkens in Nood op, stipe troch skriuwer Koos van Zomeren en oaren. In protte eleminten út it persoanlik libben fan Voskuil en syn frou binne beskreaun yn syn boeken, sa as it net ha wollen fan in auto, harren leafde foar katten, it wenjen oan de Lijnbaansgracht nr. 84-hs (1956-1969) en de Herengracht (nr. 60 (1969-2008) yn Amsterdam en harren kuierfekânsjes yn Auvergne.

Nei in lange tiid fan siikwêzen hat Voskuil besletten ta eutanasy. Hy is thús stoarn. Op 8 maaie 2008 kaam er te hôf op Oud Eik en Duinen yn Den Haach.

Bibliografy bewurkje seksje

In tige wiidweidige bibliografy, en fan de fersprate wittenskiplike en literêre publikaasjes fan J.J. Voskuil, is te finen yn Lam naast leeuw troch J. Heymans.

wittenskiplik wurk

  • 1956 - Het Nederlands van Hindoestaanse kinderen in Suriname
  • 1969 - Het ophangen van de nageboorte van het paard
  • 1979 - Van vlechtwerk tot baksteen. Geschiedenis van de wanden van het boerenhuis in Nederland
  • 1982 - Kohieren van de tiende penning van Overschie 1561 en Twisk 1561

bellettry

  • 1963 - Bij Nader Inzien
  • 1996 - Het Bureau deel 1: Meneer Beerta
  • 1996 - Het Bureau deel 2: Vuile handen
  • 1997 - Het Bureau deel 3: Plankton
  • 1998 - Het Bureau deel 4: Het A.P. Beerta-Instituut
  • 1998 - Dankwoord bij de aanvaarding van de Bordewijk-prijs (opnomd yn Tirade 373)
  • 1999 - Het Bureau deel 5: En ook weemoedigheid
  • 1999 - De moeder van Nicolien
  • 2000 - Het Bureau deel 6: Afgang
  • 2000 - Het Bureau deel 7: De dood van Maarten Koning
  • 2000 - Ingang tot Het Bureau
  • 2000 - Reisdagboek 1981
  • 2002 - Requiem voor een vriend
  • 2004 - Terloops, voettochten 1957-1973
  • 2005 - Buiten schot, voettochten 1974-1982
  • 2006 - Gaandeweg, voettochten 1983-1992
  • 2007 - Kladboek 1955-1956 (kar út Voskuils deiboek, opnaam yn Tirade 417)
  • 2007 - Onder andere, portretten en herinneringen
  • 2007 - Bestiarium (koarte sketsen)
  • 2007 - Alleen op de wereld (koart ferhaal, yn Tirade 421)
  • 2008 - Mensenkinderen (toaniel, yn Tirade 424)
  • 2009 - Binnen de huid

oar wurk

  • 1963 - Als ik groot ben (gedicht)
  • 1995 - Geert van Oorschot, Brieven van een uitgever (befettet ûnder oaren trije brieven oan J.J. Voskuil, foarôfgien troch syn neitins oan Van Oorschot)
  • 2005 - Hanny Michaelis, Een keuze uit haar gedichten door J.J. Voskuil (karlêzing, gearstald en ynlaat troch J.J. Voskuil)

Prizen bewurkje seksje

Het Bureau waard yn 2007 opnaam yn de list fan bêste Nederlânsktalige boeken fan alle tiden.

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes: