James Renwick (15 febrewaris 1662 - 17 febrewaris 1688) wie in Skotske dûmny, de lêste fan de martelders fan de Covenanters.

Libben bewurkje seksje

Hy is berne yn 1662 yn Nithsdale. Syn heit Andrew (of yn inkelde boarnen, Alexander) wie in wever fan berop. Syn mem Elizabeth Corson hie inkelde bern foar James syn berte krigen, mar dizzen wienen allegear op jonge leeftyd stoarn. Yn 1675 ferstoar Andrew Renwick; James gie nei de universiteit fan Edingburgh, dêr't er godtsjinst studearre, spesiaal it Presbyteriaanske leauwen fan syn foarâlden. Yn 1681 seach er dat ferskillende Covenanters, wêrûnder Donald Cargill, terjochtsteld waarden. Op dit stuit Renwick sleat him oan by in godtsjinstige groepearing: the United Society. Mei harren help gie er yn Nederlân studearjen yn Rotterdam, Grins en Ljouwert. Doe't er yn Nederlân wie, waard er as dûmny oansteld. Dit waard dien ûnder wat frjemde omstannichheden om't er wegere de Nederlânske Kategismus te ûndertekenjen. Nei't dat er yn 1683 werom nei Skotlân gie, hâlde hy syn earste tsjinst yn Darmead oer teksten út it boek Jesaja.