Jan Bos (Hierden, 29 maart 1975) is in eardere Nederlânske langebaanrider. Hoewol't Bos sels leaver allrounder wurden wie, ûntwikkele hy him benammen ta sprinter en ried foaral de koarte ôfstannen 500, 1000 en 1500 meter. Yn 1998 waard hy de earste Nederlânske wrâldkampioen Sprint.

Jan Bos (2007)

Karrière bewurkje seksje

Jan Bos kin beskôge wurde as in skoalfoarbyld fan "hoe't men heart te riden". As gjin oar wit hy syn krêft om te setten yn beweging nei foaren ta op it iis. Mei syn destiidske coach Peter Mueller wurke hy oan syn foarm en yn 1998, it jier dat hy wrâldkampioen sprint waard, stapte hy oer op in oar type klapreed.[1]

In desimber 2005 wint hy op it NK Ofstannen 2006 ferrassend sawol de 500, 1000 as 1500 meter. Sa kwalifisearret hy him foar dy trije ôfstannen foar de Olympyske Winterspullen 2006. By de Iepeningsseremoanje droech hy de Nederlânske flagge.

Syn broer Theo Bos is fiiffâldich wrâldkampioen baanhurdfytsen. Jan Bos is ek in treflik hurdfytser. Tegearre mei syn broer Theo en Teun Mulder helle hy yn 2003 in fiifde plak op it WK teamsprint en in jier letter die hy mei oan de Olympyske Spullen yn Atene.

Yn jannewaris 2006 wint Bos brûns op it WK Sprint op It Hearrenfean.

Yn 2008, tsien jier nei it wrâldkampioenskip wûn te hawwen, stiet hy nei twa ôfstannen op it twadde plak yn it tuskenklassemint efter Jeremy Wotherspoon. Op de tredde ôfstân rydt hy yn Thialf tsjin Wotherspoon, mar falt hy krekt nei de earste bocht.[2]

Nei it seizoen 2007-2008 stoppet Telfort mei de sponsoring fan de Team Telfort ridersploech dêr't Bos diel fan útmakket. Hy stapt oer nei de nije ridersploech Hofmeier dy't treend wurdt troch Ron Neymann en Jan van Veen.[3]

Yn syn lêste seizoen, 2010-2011, wurdt de 35-jierrige Bos sponsore troch Bureau B+O Arsjitekten út Meppel.[4] Tegearre mei de Italjaanske ploech fan Gianni Romme wurket hy syn treningen ôf.[5] Op de Nederlânske kampioenskippen wint Bos brûns op de 1000 meter en pleatst him foar de wrâldbekerwedstriden. By de world cup yn Obihiro op 12 desimber wurdt hy ferrassend tredde yn 1.10,17. It is syn earste poadiumplak yn hast twa jier tiid. Doe is hy yn Erfurt ek as tredde einige op de kilometer.[6]

Nei it seizoen 2010-2011 kundigde Jan Bos oan te stopjen mei reedriden.

Yn 2012 sil Jan Bos yn gearwurking mei it Human Power Team Delftbesykje om de snelste fytser fan de wrâld te wurden yn de World Human Powered Speed Challenge yn Battle Mountain, Nevada. Hjirfoar sil hy it wrâldrekord fan 133 km/h, dat no op namme stiet fan de Kanadees Sam Whittingham, ferbrekke moatte yn de stroomline lisfyts dy't spesjaal foar dizze wedstriid makke wurdt.

Rekords bewurkje seksje

Persoanlike rekords bewurkje seksje

  • 500 meter: 34,72 (12 febrewaris, 2002, Salt Lake City)
  • 1000 meter: 1.07,20 (22 maart, 2009, Calgary )
  • 1500 meter: 1.44,87 (4 maart, 2007, Calgary )
  • 3000 meter: 3.50,53 (16 maart, 2001, Calgary )
  • 5000 meter: 6.46,59 (17 maart, 2001, Calgary )
  • 10000 meter: 15.23,18 (11 maart, 1993, Thialf)

Wrâldrekords bewurkje seksje

Resultaten bewurkje seksje

Jier NK
Ofstannen
NK
Sprint
WK
Sprint
WK
Ofstannen
Olympyske
Spullen
Wrâldbeker
1994   9e 500m
  6e 1000m
10e 1500m
1995   5e 500m
  4e 1000m
10e 1500m
5e
1996   500m
  1000m
  24e 39e 1000m
1997   13e 8e 500m
  1000m.
20e 500m
  4e 1000m
1998   500m.
  1000m
5e 1500m
    5e 500m
4e 1000m
12e 500m
  1000m
  4e 1500m
  5e 500m
  1000m
17e 1500m
1999   500m
  1000m
  1500m
    fal 500m
  1000m
  4e 500m
  1000m
  6e 1500m
2000   500m.
  1000m
  4e 5e 500m
  1000m
  1500m
  5e 500m
  1000m
  6e 1500m
2001   500m
  1000m
10e 1500m
Siik 4e 21e 500m
10e 1000m
  8e 500m
10e 1000m
23e 1500m
2002   500m
  1000m
5e 1500m
  Diskw. 9e 500m
  1000m
7e 1500m
  7e 500m
  1000m
26e 1500m
2003   500m
  1000m
  7e   5e 500m
15e 1000m
5e 500m
  1000m
2004   500m
  7e 1000m
6e 14e 500m
  5e 1000m
28e 100m
16e 500m
  9e 1000m
2005   4e 500m
  5e 1000m
10e 1500m
  6e   1000m 23e 500m
  5e 1000m
2006   500m
  1000m
  1500m
  11e 500m
  5e 1000m
20e 1500m
43e 500m
12e 1000m
  7e 1500m
2007   500m
  1000m
  1500m
  12e 16e 500m 36e 100m
19e 500m
  4e 1000m
  6e 1500m
2008   5e 500m
  1000m
  9e 1500m
  39e 5e 1000m 25e 100m
24e 500m
   1000m
2009 8e 500m
6e 1000m
4e 5e 1000m 12e 1000m
2010 8e 500m
7e 1000m
29e 500m
12e 1000m
51e 500m
15e 1000m
2011 10e 500m
   1000m
  12e

Medaljespegel bewurkje seksje

Kampioenskip      
NK Ofstannen 10 8 6
NK Sprint 6 3 2
WK Sprint 1 1 1
WK Ofstannen 1 3 1
Olympyske Spullen 0 2 0

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

  1. DePers, 17 jannewaris 2008
  2. "Wotherspoon bijna kampioen, Bos valt" NU.nl, 20 jannewaris 2008
  3. "Schaatsploeg Hofmeier legt Bos en Smit vast" NU.nl, 24 april 2008
  4. "Bos heeft eindelijk sponsor", Skating Online, 22 oktober 2010
  5. "Bos stapt over naar ploeg Romme" NUsport, 23 septimber 2010
  6. "Brons voor Bos op 1000 meter" De Telegraaf, 12 desimber 2010