Jan Decleir (14 febrewaris 1946) is in Flaamsk akteur, mar berikte in miljoenenpublyk troch syn optredens yn spylfilms. Hy debutearre as filmakteur in 1971 yn de produksje Mira fan Fons Rademakers. Hjiryn wie de tsjinspiler fan Willeke van Ammelrooy. By bern is Decleir benammen bekend as Sinterklaas yn it berneprogramma Dag Sinterklaas en de film Het Paard van Sinterklaas. Oare opfallende rollen spile Jan Decleir ûnder mear yn de foar in Oscar nominearre film Daens, Camping Cosmos en Karakter.

Jan Decleir as Bonifatius

Jan Decleir krige ferkillende ûnderskiedings foar syn aktearwurk. Sa krige de film Antonia dêr't hy yn meispile in Oscar, krektas Karakter. Hy hie ynternasjonaal bekender wurde kind, mar hy liet de rol fan smjunt yn de Bond-film The World Is Not Enough oan him foarby gean omdat hy it toanielspyljen wichtiger fûn. Foar It Skaad fan Bonifatius spile hy de rol fan Bonifatius.[1]

Filmografy bewurkje seksje

 
Jan Decleir yn 2009
 
Blauwe Maandag Compagnie - Ten Oorlog (1997), Jan Decleir as Richard motherfucker de derde.

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Bonifatius-film yn it Aldfrysk op It Nijs (sjoen op 26-06-2010)