Jan Flinterman (De Haach, 2 oktober 1919Leien, 26 desimber 1992) wie in Nederlânsk militêr fleander en Formule 1-koereur. Tegearre mei Dries van der Lof wie er de earste Formule 1-koereur yn Nederlân. Hy ried ien Grutte Priis Formule 1, de Grutte Priis fan Nederlân fan 1952 foar it Escuderia Bandeirantesteam.

Jan Flinterman
Formule 1
Jan Flinterman (1966)
Jan Flinterman (1966)
persoanlike bysûnderheden
echte namme Jan Flinterman
nasjonaliteit Nederlânsk
bertedatum 2 oktober 1919
berteplak De Haach
stjerdatum 26 desimber 1992
stjerplak Leien
Formule 1 karriêre
jieren aktyf 1952
Teams Escuderia Bandeirantes (1952)
Tal races 1

Jan Flinterman wie oan it begjin fan de Twadde Wrâldkriich ofsier by de Nederlânske Loftmacht en doe't er nei Ingelân flechte wie, waard er yn de RAF opnaam as Spitfirepiloat. Jan fleach mei it 126 Squadron op Malta en dêrnei yn de simmer fan 1943 mei it folslein Nederlânsk 322 squadron.

Maaie 1944 waard er Flight Lieutenant by it 222 Squadron en waard bekroand mei it Distinguished Flying Cross nei in loftgefjocht boppe Parys. Tsjin de ein fan de oarloch waard er ûnderskieden mei de Oarder fan Oranje-Nassau en it Fleanderkrús. Oer syn ûnderfinings yn de oarloch skreau er letter it boek Jachtvlieger.

Flinterman fleach letter op de nije Gloster Meteor-jet foar de Keninklike Nederlânske Loftmacht, waard de kommandant fan de Fighter Pilot School en brocht in tal nasjonale snelheidsrekords op syn namme[1].

Majoar Flinterman en luitenant Wansink festigje Nederlânsk faasjerekord yn de loft mei in Gloster Meteor

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. http://www.beeldengeluid.nl/media/6059/majoor-flinterman-en-luitenant-wansink-vestigen-nederlands-snelheidsrecord-de-lucht
  • Hans van der Klis, Dwars door de Tarzanbocht: de dertien Nederlandse Formule 1-coureurs. Amsterdam, 2007 (3e ed.), s. 9-19