Jan de Hartog (Haarlim, 22 april 1914Houston, 22 septimber 2002) wie in Nederlânsk romanskriuwer.

Jan de Hartog yn 1984

Libben bewurkje seksje

Jan de Hartog publisearre yn 't earstoan ûnder skûlnamme F.R. Eckmar ('ferrekmar') in tal detectiveromans. Hy waard foaral bekend mei syn boek Hollands Glorie, oer de begjinperioade fan de seesleepfeart, dat yn 1976 troch de AVRO foar telefyzje ferfilme is. Dêrneist is Schipper naast God ek in populêr boek fan De Hartog, dy't yn syn wurk faak sosjale oangedienens sjen litten hat.

De Hartog emigrearre mei syn frou nei de Feriene Steaten, wêr't er in stikmannich romans skreau, dy't troch himsels yn it Nederlânsk oerset binne. Dêr is de skiedskriuwing oer de Quakers, yn fjouwer mânske dielen, ûnder.

It boek Gods geuzen giet oer sindingswurk yn de oerwâlden fan Yndoneezje.

Nei de publikaasje fan It Sikehûs oer de misstannen yn in Amerikaansk sikehûs yn Houston, moast er út dy stêd flechtsje. In oar boek - ek ferfilme - is De Kleine Ark, giet oer de wettersneed fan 1953. Jan de Hartog hat doe sels holpen by it rêden fan de slachtoffers.

Hoewol't Den Hartog in populêr skriuwer wie, hat de literêre krityk meast op him delsjoen.

Bibliografy (kar) bewurkje seksje

Proaza bewurkje seksje

  • Hollands Glorie;
  • Gods Geuzen;
  • Stella;Mary;Thalassa;
  • De kleine ark;
  • De Kunstenaar;
  • De Inspecteur;
  • Het ziekenhuis;
  • De kapitein;
  • De wateren van de nieuwe wereld;
  • De kinderen;
  • Herinneringen van een bramzijgertje;
  • Het koninkrijk van de vrede (besteande út De kinderen van het licht; Het heilig experiment; Het uitverkoren volk; De oorlog van het Lam);
  • Herinneringen aan Amsterdam;
  • Schipper naast God;
  • De vlucht van de Hennie;
  • De Commodore.
  • De Centurio.
  • De Buitenboei.

Toaniel bewurkje seksje

  • Het hemelbed
  • De ondergang van "de Vrijheid"
  • Schipper naast God
  • De dood van een rat

As F.R.Eckmar bewurkje seksje

Een linkerbeen gezocht; Ratten op de trap; Drie dode dwergen; De maagd en de moordenaar; Spoken te koop

Prizen bewurkje seksje

Keppelings om utens bewurkje seksje