Jasnaja Poljana (Russysk: Ясная Поляна) ('helder iepen plak') wie in bûtenpleats fan Lev Tolstoj, op 12 kilometer súdwestlik fan de Russyske stêd Toela dêr't de skriuwer berne en begroeven is. Teffens skreau er dêr syn grutte romans Oarloch en Frede en Anna Karenina.

It bûten fan Lev Tolstoj, Jasnaja Poljana

Fuort nei de dea fan Tolstoj waard it hûs in museum. Yn it earstoan hie syn dochter Aleksandra Tolstaja dêr de lieding en ek no noch heart de direkteur ta syn neisieten. It museum hat Tolstoj syn persoanlik besit en syn bibleteek fan 22.000 boeken.

Teffens heart ek de skoalle foar de boerebern en it park by it museum. Yn de Twadde Wrâldkriich ferôveren de Dútsers de bûtenpleats en Robert H. Jackson ferklearre by it Proses fan Neurenberch dat sy it bûten en it grêf fan Tolstoj ferwoastge hiene. De belangrykste eleminten wienen lykwols earder al evakuearre troch de sovjetregearing. Nei de kriich waard it bûten op 'en nij opmakke oant it like op de tastân fan Tolstoj syn tiid.

Ytseal yn Tolstoj syn hûs

Keppeling om utens bewurkje seksje