Jayden Lee, echte namme: Michelle Tatianna Laventure (Sacramento, 5 april 1993), is in Amerikaansk neakenmodel, fetysjmodel, stripper en pornografysk aktrise fan mingd Fjetnameesk-Koreaansk-Frânsk-Gûatemalteeksk etnysk komôf. Hja hat ek wol wurke ûnder de artystenamme Jayden.

Jayden Lee
persoan yn de seksyndustry
persoanlike bysûnderheden
echte namme Michelle Tatianna Laventure
nasjonaliteit Amerikaansk
berne 5 april 1993
berteplak Sacramento (Kalifornje)
etnisiteit Fjetnameesk
Koreaansk
Frânsk
Gûatemalteeksk
wurkpaad
wurksum as neakenmodel, fetysjmodel,
stripper, pornoaktrise
jierren aktyf 2012 – no
offisjele webside
jaydenleexxx.com (deade link)

Libben en karriêre bewurkje seksje

Lee waard yn 1993 berne yn Sacramento, de haadstêd fan 'e steat Kalifornje. Foar't se belutsen rekke yn 'e Amerikaanske pornoyndustry, wurke se as ferkeapster yn in winkel, dêrnei as mainstream-model, doe as neakenmodel, wêrby't se foar ferskate manljusblêden posearre, en úteinlik as stripper.

Yn 2012, doe't se njoggentjin jier wie, makke se har debút yn in pornografyske film, neidat se oansprutsen wie troch immen dy't foar de website Model Mayhem wurke. Neffens de Internet Adult Film Database (IAFD) hat se sûnt yn likernôch 115 pornofilms spile, û.m. foar sokke foaroansteande labels as Penthouse, Wicked Pictures, Vivid Entertainment, New Sensations, Evil Angel, Digital Sin, Hustler Video, Zero Tolerance, Elegant Angel, Adam & Eve, The Score Group en Jules Jordan Video.

Dêrnjonken hat Lee ek foar ferskate minder bekende studio's yn 't spier west, wêrûnder Pure Play Media en Third Degree Films. Fierders hat se ek in soad wurke foar pornosites op it ynternet, lykas Reality Kings, Brazzers en Kink.com. Yn oktober 2013 liet Lee har boarsten fergrutsje ta kup 34D. Neffens har offisjele opjefte is se 1.70 m lang, mei in gewicht fan 54 kg.

Keppelings om utens bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes: