Jean Auguste Dominique Ingres

Jean Auguste Dominique Ingres (Montauban, 29 augustus 1780 - Parys, 14 jannewaris 1867) wie in Frânsk keunstskilder. Hy wurke yn neoklassisistyske styl. Ingres waard opnomd yn de eksklusive Oarder "Pour le Mérite".

Selsportret, jonge Ingres
Ingres syn grêf op Père-Lachaise

Hoewol't er him sels foaral beskôge as skilder fan histoarjestikken yn de tradysje fan in Nicolas Poussin en Jacques-Louis David, wurde Ingres syn portretten, sawol skildere as tekene, as syn grutste erfenis erkend.

Ingres waard yngeand beynfloede troch artistike tradysjes út it ferline, en it wie syn stribjen om de hoeder en noeder fan de akademyske ortodoksy te wurden tsjin de moade fan de opkommense romantyske styl yn, fan bygelyks Eugène Delacroix. Ingres syn ekspressive ferfoarmingen fan romte en foarm makken him ta in wichtige foarrinner fan de moderne keunst en beynfloeden Picasso, Matisse en oare modernisten.

Galery bewurkje seksje

Keppeling om utens bewurkje seksje