Jelly Keekstra (Brantgum, 17 juny 1948) is in Frysk dichteresse. Keekstra waard opbrocht yn Holwert, is troud mei skriuwer Rommert Tjeerdsma en wennet yn Marrum.

Keekstra wie in warber lid fan toanielklup ‘Pro Rege’ en die ek gauris mei yn revu’s en kabaret. Nei in tiid fan siikwêzen skeakele se oer op it dichtsjen. Healwei de njoggentiger jierren stjoerde se in fers op nei de Nieuwe Dockumer Courant. Letter publisearre se ek yn oare blêden lykas 'De fleanende Krie' fan de KFFB.

Bibliografy bewurkje seksje

Poëzy bewurkje seksje

  • 1993 : Op 'e amme fan 'e wyn
  • 1997 : Fleagen fan fielen
  • 2000 : By it lemieren
  • 2004 : Ien fan ritme

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes: