Jennifer Tilly (Los Angeles (Kalifornje), 16 septimber 1958) is in Amerikaansk aktrise en pokerspylster. Har wiere namme is Jennifer E. Chan. Tilly is de efternamme fan har mem. Tilly is bekend fan har rollen yn de Child's Play-rige. Har suster, Meg Tilly, is ek aktrise.

Jennifer Tilly, 2006
Jennifer (The Unabombshell) Tilly nei har oerwinning yn de 2005 WSOP

Sy waard nominearre foar in Academy Award en hat yn 2005 de World Series of Poker foar froulju wûn. Har bynammen yn pokerrûnte binne The Unabombshell en J Tilla the Killa. Foardat sy trochbriek as filmaktrise wie hja yn Nederlân al te sjen yn de televyzjerige Hill Street Blues en as Garry's freondinne yn It's Garry Shandling's Show (beide jierren 1980).

Sy is in fûl oanhinger fan de homobeweging.[1]

Tilly troude yn 1984 mei The Simpsons-produsint Sam Simon. Yn 1991 binne se út elkoar gien. Letter hie hja ferkearing mei berops pokerspiler Phil Unabomber Laak.

Filmografy (in kar) bewurkje seksje

  • 1984 No Small Affair
  • 1991 The Doors
  • 1993 Made in America
  • 1994 Bullets Over Broadway
  • 1994 Embrace of the Vampire
  • 1996 Bound
  • 1997 Liar Liar
  • 1999 Do Not Disturb
  • 1999 Bride of Chucky
  • 2000 Cord (ekm útbrocht as Hide and Seek)
  • 2001 Monsters en co.
  • 2003 The Haunted Mansion
  • 2004 El Padrino
  • 2004 Seed of Chucky
  • 2006 The Initiation of Sarah
  • 2008 Deal (2008)]
  • 2010 CSI: Crime Scene Investigation: "Take My Life, Please!"
  • 2011 Return to Babylon
  • 2012 Curse of Chucky - Tiffany
  • 2017 Cult of Chucky - Jennifer Tiffany Tilly

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. (in) Jennifer TIlly, Ron Cowen, Daniel Lipman, Rev. Cecil Williams Honored at 17th Annual GLAAD Media Awards Presented by Absolut Vodka in San Francisco, glaad.org