It Jenysk, ek wol Reizger-Dútsk neamd, is in taal dy't sprutsen wurdt troch de Jeenjers, in etnyske minderheid fan wenweinbewenners en harren ôfstammelingen , dy't libje yn Dútslân, Eastenryk, noardlik Switserlân, de Frânske Elsas en Nederlân besuden de grutte rivieren. Jeenjers binne al Sigeuners, mar net fan deselde groep as de Rom en de taal is net besibbe oan it Romsk. Der binne mooglik 500.000 sprekkers, mar it is net dúdlik at dy it Jenysk allegear as memmetaal hawwe.

Jenysk
algemien
oare namme(n) Reizger-Dútsk
eigen namme Yeniche
lânseigen yn Dútslân, Eastenryk, Switserlân, Frankryk, Nederlân
tal sprekkers 500.000
skrift it Latynske alfabet
taalbesibskip
taalfamylje Yndo-Jeropeesk - Germaansk - Westgermaansk - Súdwestgermaansk - Heechdútsk - Jiddysk - Jenysk
dialekten ûnbekend
taalstatus
offisjele status it Jenysk genietet nearne erkenning as minderheidstaal
taalkoades
ISO 639-1 n.f.t.
ISO 639-2 yec
ISO 639-3 yec

De Jeenjers foarmje in semy-nomadyske minderheid, dy't mooglik ûntstien is as etnysk-linguïstyske groep, doe't yn 'e Midsiuwen troch de Hânsewetten beskate kategoryen reizgjende keaplju útsletten waarden fan normaal hanneldriuwen. Fan oarsprong wienen se ornaris marsekreamers, tsjettellappers, skjirreslipers, boarstelmakkers, âldizerkeaplju of toanielspilers.

Mei't de Jeenjers har yn súdwestlik Dútslân al yn in ier stadium yn beskate plakken fêstigen en se dêrtroch bliuwende kontakten leinen mei oare keaplju, waard it Jenysk yn dat gebiet oant noch net sa lang lyn as hannelstaal brûkt troch feekeaplju en slachters. Sadwaande binne der yn dat gebiet hjoed de dei noch guon âldere feekeaplju en slachters dy't it Jenysk sprekke, mar net ta de Jenyske minderheid hearre.

It Jenysk is in mingtaal fan Standerdútsk, Jiddysk, Rotwelsk en ferskate Dútske dialekten. De klassifikaasje as in Germaanske taal is dêrom ûnder taalkundigen kontroversjeel. In alternatyf is de klassifisearring as mingtaal, nammenstemear om't der ek Romaanske en Keltyske ynfloeden yn it Jenysk werom te finen binne.

Yn tsjinstelling ta wat faak tocht wurdt, is it Jenysk gjin foarm of dialekt fan it Romany, de taal fan 'e Rom, en ek hat it mar in hiel lyts bytsje lienwurden út dy taal oernommen. Guon taalkundigen betitelje it Jenysk as in geheimtaal, in kryptolekt, eat dat de Jeenjers as in mislediging beskôgje.

De sinsbou fan it Jenysk is yn haadsaak Dútsk. Ferlykje de ûndersteande sinnen:

Jenysk: Am verholchten Schai isch mir de Laschischmadori muli tschant.
Dútsk: Gestern ist mir die Kaffeemaschine kaputt gegangen.
Frysk: Juster is myn kofje-apparaat stikken gongen.
Jenysk: Selber linstne ne zgwand zmenge.
Dútsk: Ich versuchte sie selber zu reparieren.
Frysk: Ik besocht it sels te reparearjen.
Jenysk: Isch me abe gehochlt lori.
Dútsk: Aber es gelang mir nicht.
Frysk: Mar it slagge my net.
Jenysk: Drum delt ne mim olmische zem ne menge gwand.
Dútsk: Darum brachte ich sie zu meinem Vater, um sie reparieren zu lassen.
Frysk: Dêrom brocht ik him by ús heit, om him reparearje te litten.

It Jenysk is eins oant hjoed de dei ta in sprektaal bleaun, dy't frijwol net skreaun wurdt, útsein yn persoanlike brieven en berjochten. Jenyske skriuwers, lykas Albert Minder (1878-1937), Mariella Mehr (berne yn 1947), beide út Switserlân, en Simone Schönett (berne yn 1972), út Eastenryk, meitsje gebrûk fan it Dútsk.

Eksterne keppelings bewurkje seksje