Jeraziatyske sliepmûzen
De Jeraziatyske sliepmûzen (wittenskiplike namme: Leithiinae) foarmje in ûnderfamylje fan 'e klasse fan 'e sûchdieren (Mammalia), it skift fan 'e kjifdieren (Rodentia), it ûnderskift fan 'e iikhoarntsjes en sliepmûzen (Sciuromorpha) en de famylje fan 'e sliepmûzen (Gliridae). Dizze ûnderfamylje omfettet 12 libbene soarten, ferdield oer 6 skaaien. Dêrûnder binne ek de beamslieper (Dryomys nitedula), de hazzemûs (Muscardinus avellanarius) en de ikelmûs (Eliomys quercinus), dat guon fan 'e bekendste sliepmûzesoarten binne, dy't yn grutte parten fan Jeropa foarkomme.
Jeraziatyske sliepmûzen | ||
In beamslieper (Dryomys nitedula). | ||
Taksonomy | ||
ryk: | dieren (Animalia) | |
stamme: | rêchstringdieren (Chordata) | |
ûnderstamme: | wringedieren (Vertebrata) | |
klasse: | sûchdieren (Mammalia) | |
skift: | kjifdieren (Rodentia) | |
ûnderskift: | iikhoarntsjes en sliepmûzen (Sciuromorpha) | |
famylje: | sliepmûzen (Gliridae) | |
ûnderfamylje: | Jeraziatyske sliepmûzen (Leithiinae) | |
Lydekker, 1896 | ||
Klassifikaasje bewurkje seksje
|
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.
|