Jitterijgebou fan Keverling

It Jitterijgebou fan Keverling is in ryksmonumint oan de Gieljittersstrjitte 11 op De Jouwer. It eardere bedriuwsgebou fan Gieljitterij Keverling is ûnderdiel fan Museum De Jouwer.

Jitterijgebou fan Keverling, links stiet 'It Sael'

De eardere jitterij waard yn 1854 oplutsen yn Fryske giele stien. De beide boulagen hawwe in pandekt sealdak. De raam- en doaryndieling binne foar in part oarspronklik. De dûbele fabryksdoarren hawwe in boppeljocht mei rútfoarmige yndieling en twa achttjinrúts skoramen. Fierders is der in hysdoar, lizzende ramen mei rútfoarmige yndieling yn de kopgevel, en in doar oan it Hurdspytsje. De oare gevels hawwe fyftjin- en njoggenrútsramen. Rjochts fan de doar sit in stientsje mei it opskrift P.S.K.BZ. De letters binne inisjalen fan Petrus Sybrandus Keverling Gerards zoon, de soan fan eigener Gerard Keverling, dy't de earste stien lei yn 1954.

Yn it gebou sitte in wurkplak, pakhûs, kantoar en in kolleksje gieljitwurk.

Sjoch ek bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes: