Johan Caspar Cavaljé (Avereest, 4 septimber 1914Snits, 4 april 1993) wie in Nederlânsk politikus fan de CHU.

Hy waard berne as soan fan Ubbo Petrus Cavaljé (1871-1946) dy't doe boargemaster fan Avereest wie. Yn 1933 kaam hy yn tsjinst by de gemeente Zwollerkerspel dêr't syn heit sûnt 1919 boargemaster wie. Yn 1942 makke hy de oerstap mei it arbeidsburo yn Swol. Fiif jier letter wurke hy by de gemeentesiktary fan Wijhe dêr't hy opklom ta kommys. Yn desimber 1957 waard Cavaljé krektas syn heit boargemaster, en wol fan Drylts as opfolger fan J. Oppedijk. Ein 1963 folge syn beneaming ta boargemaster fan Doanjewerstâl en bleau dat oant syn pinsjoen. Hy waard opfolge troch Michiel Alma.

Cavaljé ferstoar yn 1993 yn Snits op 78-jierrige leeftiid.