Johannes Bosboom (De Haach, 18 febrewaris 1817 – dêre, 14 septimber 1891) wie in Nederlânske skilder en akwarellist, dy ferneamd wie fanwege syn tsjerke-ynterieurs.

Johannes Bosboom
Portret troch Charles Dankmeijer, om 1880
Tsjerkeynterieur mei bernedoop. Oalje op hout, 30,5 x 22 cm

Biografy bewurkje seksje

Bosboom krige ûnderrjocht fan Bart van Hove en Wijnand Nuijen. Tusken 1831 en 1835 besocht er de akademy yn De Haach en fannijs fan 1839 oant 1840.

Yn 1835 reizge er troch Dútslân en besocht Keulen en Koblenz, tegearre mei Salomon Leonardus Verveer. Yn 1837 die er Antwerpen oan om yn 1838 fierder te gean nei Frankryk, dêr't er Rouen en Parys oandie, no beselskippe fan Cornelis Kruseman.

Op 3 april 1851 troude er mei de skriuwster Anna Louisa Geertruida Bosboom-Toussaint.

Bosboom wie lid fan de Pulchri Studio, it Genoatskip ‘Arti Sacrum’ (Rotterdam) en de Hollandsche Teekenmaatschappij (De Haach). Hy wie learaar fan Maria Bilders van Bosse en Willem Frederik de Haas (1830-1880). Hy waard neifolge troch Jos Laurenty en hie ynfloed op Johan Paul Constantinus Grolman. Hy waard yn 1856 ridder yn de Leopoldsoarder.

Bosboom wie in foarrinner fan de Haachske Skoalle. Bosboom pykte derút troch syn wize fan ferwurkjen fan it ympresjonistyske ljocht yn syn ynterieurs; it makke dat er ta de meast wichtige Europeeske skilders yn dat sjênre rekkene wurde kin.

Galery bewurkje seksje

Literatuer bewurkje seksje

  • C. Cuijpers, 'Het album Holland-Krakatau (1883). Artistieke liefdadigheid en exotische inspiratie', De Negentiende Eeuw 29 (2005) 4, s. 219-240
  • T. Figee, 'Johannes Bosboom. Schilder van licht, schaduw en sepia -bruine kerkinterieurs', Kunstbeeld 23 (1999), s. 42-45
  • A. Hoogenboom, De stand des kunstenaars. De positie van kunstschilders in Nederland in de eerste helft van de negentiende eeuw, Leien 1993, s. 117, 157, 210
  • R. Volz en P. van der Pol, Bosboom en Breda. Inventarisatie en achtergronden van de werken van Johannes Bosboom met Bredase onderwerpen, Jaarboek der Geschied- en Oudheidkundige Kring van Stad en Land van Breda "De Oranjeboom" dl. 54 (2001), s. 224-255

Keppelings om utens bewurkje seksje

Amsterdam : Elsevier, 1891

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes: