George Henri Anton (Joris) Ivens (Nymwegen, 18 novimber 1898Parys, 28 juny 1989) wie in Nederlânske filmregisseur en filmmakker, benammen rjochte op dokumintêres. Hy wie lange tiid omstriden om syn film ta ûndersteuning fan de ûnôfhinklikheidsbeweging yn Yndoneezje.

Joris Ivens
regisseur en/of produsint
Joris Ivens (1978)
Joris Ivens (1978)
persoanlike bysûnderheden
echte namme George Henri Anton Ivens
nasjonaliteit Nederlânsk
berne 18 novimber 1898
berteplak Nymwegen
stoarn 28 juny 1989
stjerplak Parys flagge fan Frankryk
wurkpaad
wurksum as regisseur,
filmmakker
prizen Gouden Keal (1985)
Joris Ivens (links) en Ernest Hemingway by kommandant Ludwig Renn fan de Ynternasjonale Brigade yn 1936
Bertehûs Ivens, Van Berchenstrjitte 17-19 Nimwegen
Joris Ivens op de set fan De Onvergetelijken yn 1971

Ivens waard bekend mei avant-garde dokumintêres as De brug (1928) (oer De Hef yn Rotterdam), Regen (1929) en Zuiderzee (1930), wêryn hy eksperimintearre mei bewegingen en ritmes. Hy hearde ta de foaroanmannen fan de ynternasjonale filmavant-garde fan dy jierren. Letter rekke hy geande wei mear ynteressearre yn sosjale kwestjes en waard hy oertsjûge kommunist. Hy makke ûnder mear films oer in mynwurkersstaking yn Belgje (Borinage, 1934), oer de Spaanske Boargerkriich (Spaanse aarde, 1937) en oer de striid dy't Sina fierde tsjin Japanske besetting (De vierhonderd miljoen, 1939). Yn de Twadde Wrâldoarloch makke hy ferskate films yn de Feriene Steaten, wêrûnder Power and the Land (1941) foar it Amerikaanske ministearje fan Lânbou en Action Stations! (1943) foar de Kanadeeske marine.

Kontroverses bewurkje seksje

Ivens hat syn talint meardere kearen yn tsjinst steld fan totalitêre rezjyms. Yn 1931 sette hy ôf nei de Sovjet-Uny om foar it bewâld fan Stalin de propagandafilm Het lied van de helden te meitsjen, oer de bou fan de nije stêd Magnitogorsk yn de Oeral. Dizze stêd waard foar in belangryk diel boud troch Goelagtwangarbeiders, faak slachtoffers fan Stalin syn kollektivisearring fan de lânbou ('koelakken'). Ivens rjochte syn kamera leaver selektyf op de tûzenen Komsomol-frijwilligers en partijleden dy't ek yn Magnitogorsk wurken. De twangarbeiders soe hy letter fergelykje mei 'ûntúch'[1][2],[3]. Ek it Maoistyske Sina hat Ivens tsjinne; yn 1976 foltôge hy Hoe Yukong de bergen verzette, in film wêryn Mao's Kulturele Revolúsje ferhearlike wurdt.

Ivens waard 'persona non grata' yn syn bertelân neidat hy yn Austraalje in film makke ta ûndersteuning fan de ûnôfhinklikheidsbeweging yn Yndoneezje. Syn oanfarring mei de koloniale autoriteiten by it meitsjen fan de film Indonesia calling late derta dat hy fan 1948 oant 1957 ferplichte waard elke trije of fjouwer moannen syn paspoart opnij ferlingje te litten. In hannelwize dêr't de Nederlânske Steat yn 1985 har ferûntskuldigingen foar oanbean hat.

Filmografy bewurkje seksje

  • De Wigwam (1912, remake 1931)
  • Études des mouvements à Paris (1927)
  • De Brug (1928)
  • idem met muziek Lichterveld 1932
  • idem met muziek Eisler 1941
  • idem met muziek Lichterveld 2002
  • Branding (1929)
  • Ik-film (1929)
  • Schaatsenrijden (1929)
  • Arm Drenthe (1929)
  • Heien (1929)
  • Wij Bouwen (1930)
  • Van Strijd, Jeugd en Arbeid (1930)
  • Zuiderzee (1930)
  • VVVC Journaals (1930)
  • Breken en bouwen (1930)
  • Donogoo Tonga (1931)
  • Philips Radio (1931)
  • Creosoot (1932)
  • Komsomol (1933)
  • Nieuwe Gronden (1933)
  • idem met muziek Eisler 2005
  • Borinage (1934)
  • Saarabstimmung und Sowjetunion (1934)
  • Kämpfer (1936)
  • The Russian School in New York (1936)
  • The Spanish Earth (1937)
  • The Four Hundred Million (1939)
  • New Frontiers (1940)
  • Power and the Land (1940)
  • Oil for Aladdin's Lamp (1941)
  • Our Russian Front (1941)
  • Action Stations! (1943)
  • Know your Ennemy: Japan (1945)
  • The Story of GI Joe (1945)
  • Indonesia Calling (1946)
  • The First Years (1949)
  • Pokój Zwyciezy Swiat (1951)
  • Freundschaft Siegt (1952)
  • Vredeskoers Warschau-Berlijn-Praag (1952)
  • ---à Valparaiso (1953?)
  • Das Lied der Ströme (1954)
  • Mein Kind (1955)
  • Les Aventures de Til l'Espiègle (1956)
  • Die Windrose (1957)
  • La Seine a rencontré Paris (1957)
  • Before Spring (1958)
  • Six Hundred Million With You (1958)
  • l'Italia non è un Paese Povero 1960
  • Demain a Nanguila 1960
  • Carnet de Viaje 1961
  • Pueblo Armado 1961
  • Chagall 1962
  • ...À Valparaiso 1963
  • Le Petit Chapiteau 1963
  • Le Train de la Victoire 1964
  • Aah...Tamara 1965
  • Pour le Mistral 1965
  • Le Ciel, la Terre 1966
  • Rotterdam Europoort (1966)
  • Loin de Vietnam (1967)
  • Le 17ièmme Parallèle (1968)
  • Le Peuple et ses Fusils 1970
  • Rencontre avec le President Ho Chi Minh 1970
  • De Onvergetelijken (1971)
  • La Pharmacie No. 3: Shanghai (1976)
  • Une Histoire de Ballon (1976)
  • Comment Yukong deplaça les Montagnes (12 delen) 1976
  • Les Kazaks - Minorité Nationale - Sinkiang 1977
  • Les Ouigours - Minorité Nationale - Sinkiang 1977
  • Commémoration à Paris de la Mort de la Mao Ze-Dong (Journal) 1979
  • Hâvre 1986
  • Une Histoire de Vent (1988)

Bysûnderheden bewurkje seksje

  • Yn 1988 waard Ivens it eareboargerskip fan de gemeente Nimwegen takend en waard in plein yn syn berteplak nei him neamd (Joris Ivensplein).
  • Fanwege syn sinematografyske fertsjinsten wurdt hy noch jierliks op it dokumintêrefestival IDFA eare, mei de útrikking fan de Joris Ivens Award.
  • Yn 2007 skrreau Oscar van Dillen muzyk by de film De Hef, het String Quartet 2.
  • Yn maaie 2010 is yn it westen fan Parys in tolve meter heech stânbyld foar Ivens ûntbleate. It byld is in ûntwerp fan Bryan McCormack en toant in neakene man mei in wrâldbol yn syn hannen en twa bewegende lange wjukken.

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

  • Hans Schoots, Gevaarlijk leven, een biografie van Joris Ivens. Mets en Schildt, Amsterdam 1995., 1995, ISBN 90-5330-162-3
  • André Stufkens e.a., Rondom Joris Ivens, wereldcineast. Nimwegen 1989.
  • Joris Ivens en Robert Destanque, Aan welke kant en in welk heelal (dit binne de memoires fan Ivens). Amsterdam 1983.
  • André Stufkens, '“Materiële dingen weten op te geven om het ideële te bereiken”: Joris Ivens’ Nimwegen en Jan Toorop, Charley Toorop, Pyke Koch en Henri Pieck', Desipientia: Zin & Waan, Jaargang 12, nr. 1 (April 2005), siden 20-27.

  1. Joris Ivens en Robert Destanque, Aan welke kant en in welk heelal, De geschiedenis van een leven, DNBL (2008), Sitaat op side 107: "Ik vervloekte ze (koelakken in de Goelag van Magnitogorsk) ook wel eens, zoals je onkruid in je tuin vervloekt. Volgens de mensen in Moskou waren ze daar om het socialisme te ‘leren’, in werkelijkheid zonnen ze slechts op middelen om het te vernietigen."
  2. Magnitogorsk, jeugd van de hoogovens, Pieter Jan Smit (1996; dokumintêre)
  3. Gevaarlijk leven, Hans Schoots