Judo op de Olympyske Simmerspullen

Judo is in sport dy't fan de Spullen fan Tokyo 1964 ôf op it Olympyske programma stiet.

Skiednis bewurkje seksje

Dizze sport stie foar it earst op it programma fan de Olympyske Simmerspullen fan 1964, doe't dy yn Tokyo, Japan plak hiene. De earste Olympyske Judo wedstriid yn de swierste gewichtsklasse waard ferassend wûn troch de Nederlanner, Anton Geesink. Judo waard spesjaal tidens dizze edysje taliten om de Japanners temjitte te komen om harren nasjonale sport op it programma te krijen. fjouwer jier letter ûntbruts it judo op it programma, mar fanôf 1972 is it in fêst ûnderdiel op de Spullen. Tidens de Spullen fan 1988 waard ek frouljus judo Olympysk.

Gewichtsklassen bewurkje seksje

Yn 1964 waard der striden yn fjouwer klassen. Yn 1972 en 1976 yn seis klassen. Yn 1980 en 1984 yn acht klassen. Fanôf 1988 wurd der yn sân klassen striden ek by it frouljusjudo wurd der striden yn sân klassen. De gewichtsklassen binne al ferskeidene kearen wizige. Der wurd yn alle gewichtsklassen striden om ien gouden, ien sulveren en twa brûnzen medaljes.

Medaljespegel bewurkje seksje

 Plak  Lân NOK       Totaal
1 Japan   JPN 35 15 15 65
2 Frankryk   FRA 10 8 19 37
3 Súd-Korea   KOR 9 14 14 37
4 Sina   CHN 8 2 8 18
5 Kuba   CUB 5 11 16 32
6 Sowjetuny   URS 5 5 13 23
7 Nederlân   NED 4 2 14 20
8 Poalen   POL 3 3 2 8
9 Itaalje   ITA 3 3 6 12
10 Spanje   ESP 3 1 2 6

Sjoch Ek bewurkje seksje


Sport op de Olympyske Simmerspullen
Hjoeddeiske sporten: Atletyk | Baanhurdfytsen | Badminton | Basketbal | Berchfytsen | Boksen | Bôgesjitten | Dykhurdfytsen | Fytskrossen | Follybal | Fuotbal | Gewichtheffen | Gymnastyk | Golf | Hânbal | Hynstesport | Hockey | Hurdsilen | Judo | Kanofarren | Keunstdûken | Moderne fiifkamp | Roeien | Rugby | Syngroanswimmen | Sjitsport | Skermjen | Strânfollybal | Swimmen | Taekwondo | Tafeltennis | Tennis | Triatlon | Wetterpolo | Wrakseljen |
Sporten út it ferline: Cricket | Croquet | Hôftennis | Honkbal | Lacrosse | Motorboatracen | Pelota | Polo | Rackets| Roque | Softbal | Toulûken |
wizigje


 
Judo op de Olympyske Simmerspullen
Tokio 1964 | | München 1972 | Montreal 1976 | Moskou 1980 | Los Angeles 1984 | Seoel 1988 | Barcelona 1992 | Atlanta 1996 | Sydney 2000 | Atene 2004 | Peking 2008 | Londen 2012 | Rio de Janeiro 2016 | Tokio 2020 | Parys 2024 | Los Angeles 2028 |
wizigje