Jurjen Ferdinand Koksma (Skoatterlân, 21 april 1904Amsterdam, 17 desimber 1964) wie in Nederlânsk wiskundige spesjalisearre yn analytyske getalteory.[1]

Jurjen Koksma, 1930

Wurkpaad bewurkje seksje

 
Diophantische Approximationen (1936), titelside

Koksma promovearre 1930 oan de Universiteit Grins by Johannes van der Corput op it proefskrift Over stelsels Diophantische ongelijkheden.[2] Hy waard 1930, mei 26 jier, beneamd ta gewoan heechlearaar oan de Frije Universiteit Amsterdam en waard dêr de earste heechlearaar wiskunde. Koksma is ien fan de oprjochters fan it Matematysk Sintrum (CWI).

Publikaasjes bewurkje seksje

Under mear:

  • Diophantische Approximationen, Springer, 1936.
  • artikels tegearre mei Paul Erdős.

Learlingen bewurkje seksje

Under oaren:

Famylje bewurkje seksje

Koksma boaske 1933 oan Grietje van der Stouwe, sy krigen fiif soannen en twa dochters. Twa bruorren fan Koksma wienen ek wiskundige: Jan Koksma en Marten Koksma.

Literatuer bewurkje seksje

  • Arie van Deursen: The distinctive character of the Free University in Amsterdam, 1880-2005, Eerdmans Publishing (2008).
  • Lauwerens Kuipers en Jan Popken: In memoriam J.F. Koksma (1904–1964), Nieuw Archief voor Wiskunde, Serie 3, 13 (1965), s. 1–18.

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Jurjen Ferdinand Koksma yn de BWNW Biografysk wurdboek fan Nederlânske wiskundigen
  2. Oersjoch promotor en eigen studinten yn de MathGenealogy