Kalefeld is in plak en gemeente yn de Dútske dielsteat Nedersaksen, lizzend yn it distrikt Northeim. De stêd telt 6.543 ynwenners, 78 km² (31 des. 2015).

Geografy bewurkje seksje

Kalefeld hat in oerflakte fan 84 km² en leit yn it noarden fan Dútslân.

Skiednis bewurkje seksje

De Gemeente Kalefeld waard op 1 maart 1974 troch gemeentlike weryndieling herfoarme út de eartiids selsstannige gemeenten fan de eardere Alten Amtes Westerhof. Sy bestiet út 11 doarpen Dögerode, Düderode, Eboldshausen, Echte, Kalefeld, Oldenrode, Oldershausen, Sebexen, Westerhof, Wiershausen und Willershausen.

Romeinsk slachfjild Wiershausen bewurkje seksje

Yn 2000 waard der in fynplak ûntdutsen.[1] De archeologyske opgravings dy't sûnt ein simmer 2008 plakfûn hawwe op de lokaasje Wiershausen[2] tsjutte derop, dat it gebiet fan Kalefeld begjin 3e iuw it striidperk west hat fan in fjildslach.

Yn desimber 2008 is it noch net hielendal dúdlik oft de fûne Romeinske artefakten fuort tawiisd wurde kinne oan Romeinske soldaten. Net útsletten wurde kin, dat it om botsingen tusken Germaanske groepen gien hat, mei wapens fan Romeinske komôf. [3] Lykwols tsjûge de talrike sjitprojektilen ûnder de fynsten dat it him feitlik om in Romeinske ienheid hannelt. Oant no ta hat de fêststelling dat it om Romeinke militêre aktiviteiten eastlik fan de Ryn gien hat (yn it gebiet Germaanje) al in protte media oandacht opsmiten.[4][5]

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. http://www.hna.de/northeimsolo/00_20081215143108_quotEs_piepste_pausenlosquot.html
  2. http://www.maplandia.com/germany/niedersachsen/braunschweig/northeim/wiershausen/
  3. [1]
  4. Tagesschau.de Videobeitrag vom 14.12.2008
  5. Die Welt (15. Dezember 2008): Slachfjild ûntdekt von Berchtold Seewald, abgerufen am 15. Dezember 2008