Kanton (Nederlân)

It kanton wie in bestjoerlike ienheid yn Nederlân dy't yn oanpaste foarm bestien hat oant 2001. It kanton waard ynfierd yn de Frânske tiid en wie doe in ûnderferdieling fan it bestjoerlike arrondissemint. Arrondisseminten wiene op har beurt in ûnderferdieling fan de provinsjes. By de ynfiering wie Nederlân ferparte yn 221 kantons. Yn 1838 wiene it der noch 150, by de ôfskaffing wiene it der noch 56.

Neist in bestjoerlike rol hiene de kantons fan it begjin ôf ek in rol yn de rjochtspraak. Fan 1810 oant 1838 kie elk kanton in frederjochter. Yn 1838 waard de frederjochter ferfongen troch de kantonrjochter en kaam der yn elk kanton in kantongerjocht. Hoewol't de rol fan it kanton as bestjoerlike ienheid nei de Frânske tiid gau ferdwûn bleau de rol fan it kanton yn de rjochtspraak oant 2002 bestean.

Neidat de bestjoerlike betsjutting foar kantons ferdwûn wie, wie der gjin needsaak mear om by de yndieling fan Nederlân yn kantons hieltyd de grinzen fan de provinsjes oan te hâlden. Oant 1877 lei in kanton hieltyd yn syn gehiel yn ien provinsje. Neitiid waard regelmjittich oer de provinsjegrins hinne gien.

Keppeling om utens bewurkje seksje