Karel Hendrik van Seben (ek wol von Seben) (De Haach, 26 oktober 1893Hilfertsom, 11 maart 1988) wie in Nederlânske keunstskilder, byldhouwer, tekener, yllustrator en boekbânûntwerper.

Karel van Seben
keunstner
persoanlike bysûnderheden
echte namme Karel Hendrik van Seben
nasjonaliteit Nederlânsk
berne 26 oktober 1893
berteplak De Haach
stoarn 11 maart 1988
stjerplak Hilfertsom
wurkpaad
wurksum as keunstskilder,
tekener,
yllustrator,
boekbânûntwerper

Van Seben wurke en wenne yn De Haach oant 1919, yn Amsterdam oant 1933, yn Hilfertsom yn 1934, Loosdrecht oant 1939, De Bilt, Bilthoven en fan 1943 ôf yn Bussum.

Bij de start, Sneekermeer (1925)

Hy wie learling fan de Akademy foar Byldzjende Keunsten in De Haach by professor Ros en makke reizen nei Grikelân, Frankryk, Afrika, Italië en Noarwegen.

Van Seben makke stedsgesichten, stillibbens, figuerfoarstellingen en ûntwurp in flink tal boekbannen en omslaggen foar blêdmuzyk, dêr't teminsten 31 fan bekend binne. Hy wie lid fan it genoatskip Kunstliefde yn Utert.

Yn it Sintraal Museum yn Utert hinget syn portret fan bestjoerder Otto van Rees.