Karin Amatmoekrim

Karin Amatmoekrim (Paramaribo, 25 desimber 1976) is in Surinaamsk-Nederlânske skriuwster.

Karin Amatmoekrim
skriuwer
Amatmoekrim (2017)
Amatmoekrim (2017)
persoanlike bysûnderheden
nasjonaliteit Surinaamsk
Nederlânsk
berne 25 desimber 1976
berteplak Paramaribo
wurk
taal Nederlânsk
sjenre Roman, koart ferhaal, kollumn
útjouwer 521, Prometheus
prizen Black Magic Woman Literatuerpriis (2009)
jierren aktyf 2004–no
offisjele webside
www.amatmoekrim.com

Libben en wurk bewurkje seksje

 
Karin Amatmoekrim (2011)
Fotograaf: Peter Boer

Karin Amatmoekrim is de dochter fan in Javaanske mem en in Sineeske-Kreoolske-Yndiaanske heit. Amatmoekrim emigrearre yn 1981 út Suriname nei Nederlân en waard grutbrocht yn IJmuiden. Sy hiet doe noch Karin Boersma nei de twadde man fan har mem. [1]Sy gie nei it Gymnasium Felisenum yn Felsen Súd en die dêrnei de stúdzje Moderne Letterkunde oan de UvA en studearre ôf op de skripsje de Etniciteit in de Surinaamse Literatuur.

Yn 2004 kaam har debútroman Het knipperleven út, dy't goed ûntfongen waard troch de kritisy. Yn 2006 folge Wanneer wij samen zijn, in generaasjeroman grûnfêste op Amatmoekrim har famyljeskiednis. It boek beskriuwt trije generaasjes yn in Javaansk-Surinaamske famylje.
De roman Titus ferskynde yn 2009. Amatmoekrim publisearre itselde jier ek koarte ferhalen yn de opinyblêden De Groene Amsterdammer en Vrij Nederland en ferfong kollumniste Aaf Brandt Corstius trije wike lang mei in deistige kollumn yn de krante nrc.next.

Op 15 novimber 2009 krige sy as earste de Black Magic Woman Literatuerpriis oanrikt foar har roman Titus.

Amatmoekrim publisearre yn 2016 Tenzij de vader, in memoir oer har heit Eric Lie. Dat boek wie yn 2017 de basis foar de dokumintêre De jacht op mijn vader. Lie ferstoar yn juny 2022. [2]

Amatmoekrim sit teffens yn de redaksjerie fan de Stichting Literêre Aktiviteiten Amsterdam (SLAA), de advysried Kultuer fan de gemeente De Haach en is lid fan de Ried fan Tafersjoch fan Forum, it kennisynstitút foar multikulturele fraachstikken.

Wittenskip bewurkje seksje

Amatmoekrim skreau in dissertaasje, in biografy fan de essayist Anil Ramdas. It boek mei de titel In wat voor land leef ik eigenlijk? Anil Ramdas, onmogelijk kosmopoliet waard yn 2023 sil útbrocht by útjouwerij Prometheus.

Teffens tekene hja yn augustus 2018 it kontrakt foar in allesbefiemjende skiednis fan Suriname. Yn 2023 moat Suriname. Een geschiedenis ferskine by de De Bezige Bij.[3]

Bibliografy bewurkje seksje

  • Het knipperleven (2004)
  • Wanneer wij samen zijn (2006)
  • Titus (2009)
  • Het Gym (2011)
  • De man van veel (2013) - Basearre op it libben fan Anton de Kom
  • Tenzij de vader (2016)

Stripferhaal (senario) bewurkje seksje

  • Suske en Wiske en de Tollende Toverkol tegearre mei Hanco Kolk (2016)

Proefskrift bewurkje seksje

  • In wat voor land leef ik eigenlijk? Anil Ramdas, onmogelijk kosmopoliet (2023).

Keppelings om utens bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Opeens was ik die arrogante Hollander, Vrij Nederland
  2. Toef Jaeger, Elke gekleurde schrijver weet: wat je maakt landt in een politieke wereld. NRC (13 oktober 2016).
  3. De Waterkant, 'Karin Amatmoekrim gaat boek schrijven over geschiedenis Suriname',15 augustus 2018.