De Kaspyske See is see mei in gebiet fan 371.000 km² op de grins fan Jeropa en Aazje dy't gjin ferbining mei de wrâldseeën hat.

Kaspyske See
geografy
type wetter binnensee
lokaasje binnensee yn Jeraazje
lân Azerbeidzjan
Iraan
Kazachstan
Ruslân
Turkmenistan
koördinaten 42°0′N 50°5′E
sifers
maks. lingte 1.030 km
maks. breedte 435 km
oerflak 371.000 km²
djiptegemiddelde 211 m
djipste punt 1.025 m
wetterfolume 78.200 km³
Kaspyske see út de romte wei sjoen
Stenka Razin (Vasili Soerikov)

De see wurdt omslet troch

Geografy bewurkje seksje

It oerflak fan de Kaspyske See leit sa'n 28 meter ûnder seenivo, en ek it grutste part fan it kustgebiet leit ûnder seenivo. De see hat trije bekkens. It súdlik bekken is it djipst. Troch de fuortsetting fan de Kaukasus is dat ôfskieden fan it noardlik bekken, dat ûndjipper is, yn it noarden mar in pear meter. Eastlik leit de hast folslein ôfsletten Kara-Bogasbocht.

Wetter bewurkje seksje

De grutste rivieren dy't yn de Kaspyske See útkomme binne de Emba, de Koera, de Oeral, de Terek en de Wolga. De wichtichste dêrfan is de Wolga, dy't 75% fan de tastream foarmet. Om't de Kaspyske See gjin ferbining mei oare seeën hat is der in direkt ferbân tusken it wetterpeil en it ferskil tusken wetteroanfier en ferdamping. Yn de rin fan de skiednis is de grutte fan de see dêrom nochalris feroare. Troch drûchte en troch gebrûk fan it Wolgawetter sette om 1930 hinne en perioade fan krimp yn, wêrby de Kaspyske See oant likernôch 1990 mear as 10% gebiet ferlear; mar sûnt waakst de see wer in bytsje.