Katakomben binne troch minsken makke ûndergrûnske gongen, yn it foarste plak ornearre as begraafplakken en ynearsten de oantsjutting fan dy fan de earste kristenen yn Rome. Letter krigen ek ûndergrûnske begraafplakken op oare plakken yn de wrâld de namme katakombe.

Katakombe
Katakombe yn Parys
Yngong fan de katakomben fan Rome
Katakomben yn Turkije

Algemien bewurkje seksje

Katakomben besteane faak út yngewikkelde gongestelsels en kinne foege labyrinten wêze. Sy binne troch minsken makke om har te ferskûljen as om deaden by te setten. De wanden hawwe faak ienfâldige grêfnissen dy't loculi neamd wurde en dy't ôfsletten waarden mei in plaat fan terrakotta as moarmer. Rikere famyljes hiene faak ryklik fersierde eigen grêfkeamers. Der binne katakombes yn ûnder oaren Rome, Napels, Sicilië, Malta en Noard-Afrika, ûnder mear yn Cyrene. Letter iuwen waarden ek oare ûnderierdske tsjerkôven en ossuariums as katakomben oantsjut, lykas dy yn Parys en Valkenburg. Katakomben binne ek brûkt as skûlplak yn oarloggen, as skûlplak foar smokkelders en as moetingsplak foar kultoanhingers.

Rome bewurkje seksje

De katacomben fan Rome binne antike tunnelstelsels mei ûnderierdske grêven ûnder en yn de omkriten fan Rome. Der binne teminsten fjirtich, wêr't guon fan earst yn de twadde helte fan de tweintichste iuw ûntdutsen binne. Sy binne fral bekend as de grêven fan de earste kristenen dêre, mar der binne ek Romeinske en joadske grêven ûnder, soms yn aparte katakomben, mar ek meiïnoar.

Meidat de kristenen yn Rome yn de twadde iuw ferfolge waarden, sochten sy nei in manier om harren deaden yn it geheim begrave te kinnen. De ûndergrûn fan Rome bestiet út sêfte dowestien, dat it wie frij maklik om dêryn tunnels te meitsjen, wylst it stientme ferhurdet at it mei de lucht yn kontakt komt. In protte tunnels binne kilometers lang en kinne wol trjie ferdjippings hawwe.

Valkenburg oan de Geul bewurkje seksje

Yn Valkenburg yn Limburch is yn in ûndergrûnske mergeldollerij, oan de Plenkertstrjitte, fan 1908 oant 1913 in replika neffens de feiten fan de wichtichste dielen fan de katakomben fan Rome stal jûn, dy't noch altyd te besjen is.

Sjoch ek bewurkje seksje

Literatuer bewurkje seksje

  • L.V. Rutgers, Onderaards Rome, een speurtocht naar de wortels van het christendom in de catacomben van de Eeuwige Stad, Leuven 2000
  • Vincenzo Fiocchi Nicolai, Fabrizio Bisconti, Danilo Mazzolen, The Christian catacombs of Rome : history, decoration, inscriptions, Regensburg 1999
  • B.H.W. Esser, Langs kerken en catacomben : een speurtocht in het oude Rome, Muiderberg 1993

Keppelings om utens bewurkje seksje

 
Commons
Op Wikimedia Commons kinne jo mear ôfbyldings en oare media fine dy te krijen hawwe mei:

Catacombs