Kate More, echte namme ûnbekend (Súd-Beierlân, 13 july 1978), is in rêstend Nederlânsk pornografysk aktrise, dy't ek wol gebrûk makke hat fan 'e artystenammen Kate Moore, Kate Moor, Rachel en Amanda.

Kate More
persoan yn de seksyndustry
persoanlike bysûnderheden
oare artyste-
       nammen
Kate Moore, Kate Moor, Rachel,
Amanda
echte namme ?
nasjonaliteit Nederlânsk
berne 13 july 1978
berteplak Súd-Beierlân (Súd-Hollân)
etnisiteit Nederlânsk
wurkpaad
wurksum as pornoaktrise
jierren aktyf 19982006
offisjele webside
gjint

Karriêre bewurkje seksje

More waard berne yn it doarp Súd-Beierlân, yn 'e Hoekske Waard, mar groeide op yn Rotterdam. Hja makke yn 1998, doe't se tweintich jier wie, har debút yn in pornografyske film. Datselde jiers noch wûn se de Hot d'Or, de wichtichste Jeropeeske pornografypriis, yn 'e kategory bêste Jeropeeske nijynkommelinge, foar har rol yn 'e film La Marionnette. Yn 1999 sleat se in eksklusyf kontrakt ôf mei it Sweedske Private-label. Letter ferfear se nei de Feriene Steaten, dêr't se oan in stikmannich Amerikaanske pornofilms meiwurke. Yn 2006 loek se har úteinlik werom út 'e pornoyndustry; se hie doe neffens de Internet Adult Film Database (IAFD) yn totaal yn 51 films spile.

Prizen en nominaasjes bewurkje seksje

Jier Priis Resultaat Kategory Foar har optreden yn
1999 Hot d'Or wûn bêste Jeropeeske nijynkommelinge La Marionnette
2000 FICEB Ninfa Award wûn bêste lesbyske sêne (mei Nikki Anderson en Sylvia Saint) Alexia and Cie

Keppelings om utens bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.