Keno I tom Brok (sa. 1310 - 1376) wie in Fryske kriichshear en haadling. Hy wie de soan fan Hilmer.

Keno tom Brok is de ierste fertsjintwurdiger fan de famylje Tom Brok. Yn it oarkonde út 1347 is oer him optekene dat er doe hear waard oer Brookmerlân, Mariënhafe en Aurich. Hy wurdt dêryn as nobilis vir neamd mei as patronym Keno Hilmerisna yn Brocmania.

Yn 1371 waard Keno yn in pauslike genedebrief foar it earst "capitaneus Brocmanie" neamd, wat haadling fan it Brokmerlân betsjut. Foar dizze tiid, fermoedlik om 1361 hinne, hat er him opwurke ta de posysje fan lânshaadling en is de machtichste persoan yn syn gebiet wurden. De famylje werneamde har, nei erkenning fan it lân, nei Tom Brok.

Yn 1361 fiert Keno Brookmerlân oan yn de kriich tsjin Edo Wiemken.

Sjoch ek bewurkje seksje