King Diamond, berne as Kim Bendix Petersen (Keappenhaven, 14 juny 1956) is in Deensk Sjonger. Diamond is foaral bekend as sjonger en oprjochter fan de Deenske bands Mercyful Fate en King Diamond. As sjonger stiet er bekend om syn krêftige en brede sjongstim, benammen syn fierrikkende falsetto-screams. Hy spilet ek toetsen en gitaar by de studio-opnamen, mar by de liveshows konsintrearre hy him allinnich op it sjongen.

King Diamond
sjonger en/of muzikant
King Diamond yn 2013
King Diamond yn 2013
persoanlike bysûnderheden
echte namme Kim Bendix Petersen
nasjonaliteit   Deensk
berne 14 juny 1956
berteplak Keappenhaven
wurkpaad
sjenre Metal
sjongtaal Ingelsk
jierren aktyf 1974-no
Net te betiizjen mei King Diamond (band), in yn 1985 oprjochten Deenske Black Metalband.

Karriêre bewurkje seksje

King Diamond begûn yn 1974 by in Deenske rock om yn 1976 oer te stappen nei de hardrock band Black Rose. By dizze band begûn er syn alter ego King Diamond te ûntwikkeljen. Nei Black Rose spile er noch in skoftke by in punk band Brats om dêrnei mei in pear âlde band freonen yn 1981 de black metalband Mercyful Fate op te rjochtsjen.

Mercyful Fate bewurkje seksje

Yn 1981, King Diamond foarme Mercyful Fate mei gitarist Hank Shermann en bassist Timi Hansen en drummer Kim Ruzz yn Keappenhaven, Denemarken. Yn 1985 giene hja útinoar fanwegen muzikale mieningsferskillen, mar makken yn 1992 in trochstart. Hy hat mei dizze band sân studio-albums útbrocht.

King Diamond bewurkje seksje

Nei it stoppen fan Mercyful Fate begûn Diamond yn 1985 in nije black metal band ûnder syn eigen artystenamme. Sûnt it op 'e nij oprjochtsjen fan Mercyful Fate besteane de bands njonken inoar. Mei King Diamond hat King Diamond tolve studio-albums útbrocht.

Priveelibben bewurkje seksje

Diamond is troud mei Livia Zita, in yn Hongarije berne sjongeres. Yn 2017 waarden se âlden fan in soan.

Diskografy bewurkje seksje

Albums bewurkje seksje

Album Utbrocht op Band Single(s)
Melissa 30 oktober 1983 Mercyful Fate Black Funeral/Black Masses
Don't Break the Oath 7 septimber 1984
Fatal Portrait 17 febrewaris 1986 King Diamond
Abigail 21 oktober 1987 The Family Ghost
"Them" 13 septimber 1988 Tea,
Welcome Home
Conspiracy 21 augustus 1989
The Eye 30 oktober 1990 Eye of the Witch
In the Shadows 22 juny 1993 Mercyful Fate Egypt
Time 25 septimber 1994
The Spider's Lullabye 6 juny 1995 King Diamond
Into the Unknown 20 augustus 1996 Mercyful Fate
The Graveyard 1 oktober 1996 King Diamond
Voodoo 24 febrewaris 1998
Dead Again 9 juny 1998 Mercyful Fate
9 15 maaie 1999
House of God 20 juny 2000 King Diamond
Abigail II: The Revenge 29 jannewaris 2002
The Puppet Master 21 oktober 2003
Give Me Your Soul... Please 26 juny 2007

As gastmuzikant bewurkje seksje

Single(s) Album Utbrocht yn Mei band
Necronemesis Necronemesis 2000 Usurper
Stone of Destiny (...for Magh Slecht and Ard Righ) Tara 2001 Absu
Sweet Dreams Probot 2004 Probot
Devil Woman Nymphetamine 2005 Cradle of Filth
Radio Spot World Circus (werútjefte) 2007 Toxik
Room 24 Outlaw Gentlemen & Shady Ladies 2013 Volbeat
Venerate Me Hammer of Dawn 2022 HammerFall

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes: