Kira Eggers (Kopenhagen, 29 novimber 1974), is in Deensk rêstend neakenmodel, stripper en pornografysk aktrise, dy't no wurksum is as ûndernimster, blochster, kollumniste en fitness-ynstruktrise. Hja sette yn 2003 útein mei in wurkpaad yn 'e pornoyndustry en spile yn in stikmannich softcorefilms. Yn 2009 beëinige se har karriêre as pornoaktrise. Eggers kaam yn Nederlân yn 2006 yn it nijs doe't se op in privee-feestje seksuële omgong hân hawwe soe mei fuotballers Patrick Kluivert, Frank de Boer en Edgar Davids.[1]

Kira Eggers
persoan yn de seksyndustry
persoanlike bysûnderheden
echte namme Kira Eggers
nasjonaliteit Deensk
berne 29 novimber 1974
berteplak Kopenhagen (Denemark)
etnisiteit Deensk
wurkpaad
wurksum as neakenmodel, stripper,
softcore-pornoaktrise,
ûndernimster, blochster,
kollumniste, fitness-ynstruktrise
jierren aktyf 20032009
offisjele webside
dkira.com

Libben en karriêre bewurkje seksje

Karriêre bewurkje seksje

Eggers waard yn 1974 berne yn 'e Deenske haadstêd Kopenhagen. Doe't se fjirtjin jier wie, presintearre se al in radioprogramma. Dêrnei sette se útein mei in karriêre as neakenmodel en stripper. Eggers wie yn 1997 twaris te gast yn it tillefyzjeprogramma Tæskeholdet. Yn 1998 naam se diel oan it realitytillefyzjeprogramma Stripperkongens Piger ("Fammen fan 'e Stripperkening"), as gefolch wêrfan't se bekendheid krige by it bredere Deenske publyk. Neitiid wurke se foar de tillefyzjestjoerder Playboy TV en tusken 2003 en 2009 spile se yn in fyftjintal softcore-pornofilms, hoewol't se sels úthâldt dat se nea 'echte' pornografy makke hat.

Fierders wie Eggers tusken 2003 en 2005 aktyf as regisseur fan yn totaal tolve softcore-pornofilms. Ek hat se as fotografe neakenfotografyske fotosearjes fan neakenmodellen makke foar it Deenske tydskrift Extra Bladet, wylst se yn 'e Feriene Steaten soartgelikense fotoreportaazjes makke hat foar neakenblêden as Hustler en Penthouse. Se hie fierders in skoft in rubryk as beäntwurdster fan fragen op it mêd fan seks yn 'e blêden Forlaget Rapport en FHM en op it ynternetportaal Jubii. Yn 2003 die Eggers mei oan it trêde seizoen fan 'e Deenske ferzje fan it realitytillefyzjeprogramma Big Brother, wêrby't alle dielnimmers bekende persoanen wiene. Yn 2004 waard har troch de lêzers fan 'e Deenske edysje fan FHM it 34e plak taparte yn in top 100 fan 'e meast seksy froulju fan it jier.

Eggers publisearre yn 2006 in autobiografy, mei as titel Den Nøgne Sandhed ("De Neakene Wierheid"). Dêryn fertelde se û.m. dat se dat jiers op in priveefeestje fan it Nederlânsk alvetal, dat doe yn Denemark wie om dêr tsjin dat lân te fuotbaljen yn it ramt fan 'e oanrin nei it EK Fuotbal 2008, seks hân hie mei Patrick Kluivert, Frank de Boer en Edgar Davids. Doe't dat yn 'e Nederlânske parse kaam, ûntstie der in lytse opskuor, hoewol't de trije fuotballers alles by heech en by leech ûntstrieden. (Pas yn 2014 kaam offisjeel oan it ljocht dat der fan it hiele ferhaal neat oan wie.)

Yn juny 2011 naam Eggers diel oan in reklamekampanje fan bistebeskermingsorganisaasje PETA, wêrfoar't se in tal foto's fan harsels meitsje liet. Dat se o sa mei it lot fan bisten begien is, hat him ek utere yn it feit dat Eggers yn it bestjoer sitten hat fan 'e Deenske bistebeskermingsorganisaasjes OASA en Dyreværnet.

Yn 2012 wie Eggers te sjen yn it TLC-programma På Egen Krop. Dêrfoar gie se tsien wiken yn training, wêrnei't se dielnaam oan in bodybuildingwedstryd. Nei ôfrin fan it programma folge se in oplieding ta fitnessynstruktrise, persoanlik trainer en diëtiste. Anno 2019 is se eigneresse fan twa fitness-sintra yn in welnessresort yn Hornbæk en in hotel yn Kopenhagen. Ek driuwt se as selsstannige sûnder personiel it bedriuw HOB, dêr't se har benammen mei taleit op e-kommersje en de marketing fan in ferskaat oan produkten. Fierders hâldt se in eigen bloch by.

Priveelibben bewurkje seksje

Fan 1998 ôf hie Eggers twa en in heal jier lang in relaasje mei muzikant Søren Rasted fan 'e bekende popgroep Aqua. Fan 2005 oant 2008 hie se in relaasje mei fuotballer Thomas Gravesen, mei wa't se gearwenne yn Skotlân.

Lichemsskaaimerken bewurkje seksje

Kira Eggers is blank, mei griene eagen en brún hier. Neffens har offisjele opjefte is se 1.60 m lang, mei in gewicht fan 59 kg, en in natuerlike cupmaat 34D. Se hat gjin tatoeaazjes en útsein de wenstige gatsjes troch de earlellen hat se likemin piercings.

Keppelings om utens bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. ——, "Seksbom Oranje-spelers in 2001" ruziet met escortservice, yn it Algemeen Dagblad, 9 febrewaris 2011.

Haadboarnen:


Foar oare boarnen en fierdere literatuer, sjoch ûnder: Referencer, op dizze side.