De kiwy-eftigen of snipstrúseftigen (Latynske namme: Apterygiformes) foarmje in skift fan 'e klasse fan 'e fûgels (Aves), de ûnderklasse fan 'e moderne fûgels (Neornithes), de tuskenklasse fan 'e âldkakigen (Palaeognathae) en de rangleaze groepen fan 'e echte âldkakigen (Notopalaeognathae) en de nije rinfûgels (Novaeratitae). Dit skift telt ien inkele famylje, dy fan 'e kiwyfûgels (Apterygidae), dy't ek wer ien inkeld skaai telt, dat fan 'e kiwys (Apteryx). Yn totaal hearre ta de kiwy-eftigen 5 libbene soarten flechtleaze fûgels, dy't yn har fersprieding allegearre beheind binne ta Nij-Seelân.

Kiwy-eftigen
In Noardereilânkiwy (Apteryx mantelli).
In Noardereilânkiwy (Apteryx mantelli).
Taksonomy
ryk: dieren (Animalia)
stamme: rêchstringdieren (Chordata)
ûnderstamme: wringedieren (Vertebrata)
klasse: fûgels (Aves)
ûnderklasse: moderne fûgels (Neornithes)
tuskenklasse: âldkakigen (Palaeognathae)
sûnder rang: echte âldkakigen
   (Notopalaeognathae)
sûnder rang: nije rinfûgels (Novaeratitae)
skift: kiwy-eftigen (Apterygiformes)
Haeckel, 1866

Taksonomy bewurkje seksje

Resint genetysk ûndersyk hat útwiisd dat de kiwy-eftigen it naust besibbe binne oan 'e útstoarne oaljefantsfûgeleftigen (Aepyornithiformes) fan Madagaskar, en net oan 'e (krektlyk útstoarne) moä's (Dinornithiformes) fan Nij-Seelân. In oar nau besibbe skift is dat fan 'e kasuariseftigen (Casuariiformes) fan Nij-Guineä en Austraalje. Mei de oaljefantsfûgeleftigen en de kasuariseftigen foarmje de kiwy-eftigen de groep fan 'e nije rinfûgels. De moä's en de nandoe-eftigen (Rheiformes) en tinamû-eftigen (Tinamiformes) fan Súd-Amearika binne minder nau mei de kiwy-eftigen besibbe.

Skiftopbou bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Bronnen, noten en/of referenties, op dizze side.