Klaas Jacob van Douwen

Klaas Jacob van Douwen (Mantgum, 24 april 1917Beetstersweach, 16 oktober 2004[1]) wie in Nederlânsk politikus út namme fan de PvdA.

Libben en wurk bewurkje seksje

Hy wie in soan fan Einte van Douwen (1873 -1940) en Anna Geertruida Vollema (1881 -1966). Syn heit wie gemeentesekretaris fan Baarderadiel; waard dêr yn 1920 boargemaster en wie fan 1928 ôf boargemaster fan Eaststellingwerf.
Sels studearre er nei it gymnasium rjochten oan de Ryksuniversiteit Grins. Hy is dêr yn 1941 ôfstudearre wêrnei't er wurkje soe by it parket by it Iepenbier Ministearje yn De Haach.
Yn 1946 waard Van Douwen beneamd ta boargemaster fan Doanjewerstâl en dêrnjonken wie er ek plakferfangend kantonrjochter by it kantongerjocht op It Hearrenfean.
Van Douwen joech yn 1963 it boargemasterskip op om kantonrjochter te wurden yn Beetstersweach.
Yn 1975 waard er foar trije jier útstjoerd nei it Hof fan Justysje fan de Nederlânske Antillen. Werom yn Nederlân waard Van Douwen riedshear by it Gerjochtshof yn Ljouwert.
Yn maaie 1987 gie er mei pinsjoen en yn 2004 ferstoar er yn 'e âldens fan 87 jier.

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Ljouwerter Krante, 2 maaie 1987