Knivskjelodden is in skiereilân op it eilân Magerøya, ticht foar de noardkust fan Noarwegen, op 71° 11' 08" NB. It is it noardlikste plakje fan Noarwegen en dêrmei ek fan Jeropa.

Knivskjellodden sjoen fan de Noardkaap ôf

It leit om-ende-by oardel kilometer noardliker as it folle bekendere Noardkaap (op itselde eilân) en 1,5 km noardliker as Nordkinn dat net op in eilân leit.
Oars as de Noardkaap rint Knivskjelodden hiel stadich nei de Barentssee ôf. Knivskejelloden is allinnich rinnend te berikken fia in 8 km lange kuiertocht.