Knossington is in doarp (village) en kerspel (parish) yn it easten fan Leicestershire, tichteby de swette mei Rutland. It plak leit tusken de doarpen Somerby en Oakham.

Knossington
Polityk
Lân Ingelân
Greefskip Leicestershire
Distrikt Melton
Sifers
Ynwennertal 316 (2011)
Oar
Tiidsône UTC+0
Sint Piter

Skiednis bewurkje seksje

Knossington komt foar yn it Domesday Book, it hie doe 31 húshâldings, yn de 'hûndert fan Gartree'.

Besuden it plak leit in Manor House út de 16e of oars iere 17e iuw.

 
Opreed fan Knossington Grange

It oansicht fan de westkant fan it doarp wurdt oerhearske troch Knossington Grange, in grutte bûtenpleats yn de Tudorstyl út de lette 19e iuw. It is no in skoalle.

De 14e iuwske St Peter's church waard yn 1830 restaurearre.

Keppelings om utens bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes: