Koartehimmen is in doarp yn de gemeente Smellingerlân, súd fan Drachten. It bestiet út de buerten Galhoeke en Boerestreek.

Koartehimmen
Emblemen
               
Polityk
Lân flagge fan Nederlân Nederlân
Provinsje Fryslân
Gemeente Smellingerlân
Sifers
Ynwennertal 197 (1 jannewaris 2023)[1]
Oerflak 2,35 km², wêrfan:
- lân: 2,34 km²
- wetter: 0,01 km²
Befolkingsticht. 68 ynw./km²
Oar
Tiidsône UTC +1
Simmertiid UTC +2
Koördinaten 53° 04' N 6° 04' E
Lokaasje Koartehimmen (grien) yn 'e gemeente Smellingerlân
Lokaasje Koartehimmen (grien) yn 'e gemeente Smellingerlân
Offisjele webside
Side Smelle Ie-De Wylgen-Bûtensfallaat
Kaart
Koartehimmen (Fryslân)
Koartehimmen

Koartehimmen hat 197 (1 jannewaris 2023)[2] ynwenners.

Skiednis bewurkje seksje

De doarpsnamme komt fan it omlizzende lân. Himmen binne lege wiete stikken lân dy't meastentiids by in rivierke lizze. Yn it gefal fan Koartehimmen wie dat de Drait. Oan wjerskanten fan it rivierke lei in rige sânkoppen dêr't minsken harren nei wenjen setten. Sa ûntstie Suderdragten oan de iene en Koartehimmen oan de oare kant fan it wetter.

 
Klokkestoel

De nei alle gedachten yn de 2e helte fan de 13e iuw boude toerleaze, goatyske tsjerkje is fan it type sealtsjerke. Op it tsjerkhôf stiet in yn 1950 fernijde klokkestoel.

Troch de iuwen hinne groeide Koartehimmen net in soad. Op de grins fan Koartehimmen en Boarnburgum waard om 1900 hinne in molkfabryk boud. Dêrnjonken kamen der fabrykshûzen, in bank, in smidderij en in weinmakkerij mei winkels. It molkfabryk fusearre mei de fabriken fan Olterterp, Langsweagen en Terwispel.[3]. De E22 ferdielt it doarpsgebiet Koartehimmen yn twa dielen. Súdlik fan de E22 leit it histoaryske Koartehimmen. De eardere buorskippen Sânbuorren en Galhoeke lizze oan de noardwestlike kant en foarmje mei harren lintbebouwing tsjintwurdich ûnderdiel fan de doarpskom.

Yn de boskrike streek stie ek de Folkshegeskoalle, foarmings- en konferinsjesintrum fan de Woodbrookers. De Skriuwersrûnte Koartehimmen kaam hjir yn 'e jierren 1960 twaris yn 't jier gear om meiinoar eigen wurk foar te lêzen en te bepraten. Dit hat laat ta it opsetten fan Operaesje Fers. Troch de dichterstelefoan te beljen, koene minsken alle wiken in oar fers hearre.

Reagerbosk bewurkje seksje

De Reagerbosk op de himrik fan Koartehimmen leit hjoed-de-dei deun tsjin it doarp Beetstersweach oan. De bosk bestiet meast út âld leafbosk. De âlde Reagersbosk krige syn âlde beammen meidat de bosk generaasjes lang ekstinsyf fersoarge is. Ut it gebiet binne in soad bisten bekend, wêrûnder in grut tal bysûndere ynsekten dy't op de âlde beammen tahâlde. Eastlik fan 'e bosk leit Koartehimster Fjild, dêr't oant yn de jierren 1930 noch in spinnekopmûntsje stie.[4] It Reagerbosk is yn besit fan de Van Teyens Fundatie[5].

Mienskip bewurkje seksje

 
Hûske oan de Boerestreek

Mei Boarnburgum hat Koartehimmen in Feriening foar Doarpsbelangen. Koartehimmen docht in soad yn 'e mande mei Boarnburgum. De twa doarpen hawwe ek itselde wapen en deselde doarpsflagge.

Tsjerken bewurkje seksje

  De Wikipedy hat ek in side Protestantske tsjerke fan Boarnburgum.
  De Wikipedy hat ek in side Fuortsette grifformearde tsjerke (Boarnburgum).

Skoalle bewurkje seksje

Hast alle bern geane yn Boarnburgum nei de basisskoalle.

 
Pleats oan de Boerestreek

Ferienings bewurkje seksje

It ferieningslibben fan Koartehimmen wurdt dielt mei Boarnburgum. De Himmen is in buertsferiening yn Koartehimmen (Sânbuorren, gedielte Galhoeke, Boerestreek, Himsterfinnen en Prikwei). Doarpskrante 'Boarnhimster Bining' ferskynt fjouwer kear yn 't jier en is ek in krante foar beide doarpen.

Befolkingsferrin bewurkje seksje

Jier 1840 1959 1964 1969 1974 2004 2012 2014
Ynwenners 127 299 286 224 201 190 255 267
Jier 2015 2020
Ynwenners 261 239

Behannelsintrum Woodbrokers bewurkje seksje

Yn 2007 makke de Grinzer ynstelling Het Poortje bekend dat it fan doel wie in ôfdieling yn de gebouwen fan de eardere Folkshegeskoalle yn Koartehimmen ûnder te bringen.[6]. Mei protesten besochten de doarpsbewenners dy plannen te kearen, mar om 'e nocht. Yn 'e ynstelling wenje jongerein dy't ôfkomstich binne út Fryslân en fanwegen spesifike problematyk net thús wenje kinne.[7]

Strjitten bewurkje seksje

Boerestreek, Galhoeke, Himsterfinnen, Prikwei, Sânbuorren.

Publikaasje(s) bewurkje seksje

  • Jochum Dykstra "It Boereboek" (2006)
  • Jochum Dykstra "Himster Pearels" (2009)
  • Jochum Dykstra "Bylden út de Skiednis fan Boarnburgum" (2015)
  • Jochum Dykstra "Winkels yn Boarnburgum" (2018)

Sjoch ek bewurkje seksje

Ferskaat bewurkje seksje

Op 27 augustus 1813 is Jan Halbes de Jong út Koartehimmen ûnthalze op de Ljouwerter guillotine fanwege moard.

Keppeling om utens bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

 
Smellingerlân
 
Doarpen en útbuorrens:
AldegeaBoarnburgumDrachtenDrachtster KompenijeDe FeanhoopGoaiïngahuzenDe HoutigehageKoartehimmenNyegeaDe PeinDe RottefalleSmelle IeDe TikeDe Wylgen
Buorskippen:
BûtenstfallaatEibertsgeastenDe FolgerenGalhoekeDe GeastenDe KlettenDe KoaiLuchtenfjildMiddelbuorrenNoardereinNijtapOpperbuorrenPuntpealSânbuorrenSytebuorrenIt SúdSuderheideUteinWierren
wizigje