De Kodeks Mendoza (ek bekend as: Kodeks Mendocino en La colección Mendoza) is in Azteekske kodeks, tweintich jier nei de Spaanske ferovering fan Meksiko skreaun, mei it doel dat de Karel V fan it Hillige Roomske Ryk, ek kening fan Spanje, it lêze soe. De hânskrift jout in skiednis fan de Azteekske hearskers en har ferôverings, in list mei kontribúsjes betelle troch ferôvere stêden en in beskriuwing fan it deistich libben fan de Azteken. It is tekene yn tradisjonele Azteekse piktogrammen en jout Spaanske ferklearingen en kommintaar.

De earste side fan de Kodeks Mendoza

De kodeks is neamd nei Antonio de Mendoza, destiidsk ûnderkening fan Nij-Spanje, dy't faaks ek de opdracht ta it meitsjen fan de kodeks joech. Sûnt 1659 wurdt de kodeks bewarre yn de Bodleian bibleteek fan de Universiteit fan Oxford.

Skiednis bewurkje seksje

De Kodeks Mendoza waard hastich makke yn Meksiko-Stêd, om dan mei skip nei Spanje stjoerd te wurden. De fleat waard lykwols oanfallen troch Frânske seerôvers en bedarre sa yn Frankryk en waard besit fan André Thévet, de kartograaf fan Hindrik II fan Frankryk, dy't syn namme fiifris yn de kodeks skreau, twaris mei de datum 1553. Letter kocht de Ingelsman Richard Hakluyt it hânskrift foar 20 Frânske Franken. Nei 1616 kaam it dokumint oan Samuel Purchase, letter oan syn soan en noch wer letter rekke it yn hannen fan John Selden.

De kodeks kaam lang om let yn 1659 te lâne yn de Bodleian bibleteek fan de Universiteit fan Oxford, fiif jier nei de dea fan Selden. De kodeks waard fergetten oant 1831; doe werûntduts de Boarchgreve fan Kingsborough it stik en krige it omtinken fan de wittenskippers.

Ynhâld bewurkje seksje

It is skreaun op Europeesk papier; it hat 71 siden, oer trije seksjes ferdield:

  • Seksje I, 16 siden, jout de skiednis fan de Azteken fan 1325 oant 1521 - Fan de stichting fan Tenochtitlan oant de Spaanske ferovering. Fierders jout de list da nammen fan eltse hearsker en stêden dy't hja ferôveren.
  • Seksje II, 39 siden, jout in list fan de stêden dy't ferovere binne troch it Azteekske Trijebûn en de jildlike bydragen fan de stêden.
  • Seksje III, 16 siden, is in skildere werjefte fan it deistich libben fan de Azteken.

Seksje I bewurkje seksje

Seksje II bewurkje seksje

Seksje III bewurkje seksje

 
Commons
Op Wikimedia Commons kinne jo mear ôfbyldings en oare media fine dy te krijen hawwe mei:

Codex Mendoza


Referenties bewurkje seksje

  • Berdan, Frances F.; Anawalt, Patricia Rieff, 1997. The Essential Codex Mendoza University of California Press *Ross, Kurt,1978. Codex Mendoza: Azteeksk Manuskript

Keppelings om utens bewurkje seksje