Konseptuele keunst

Konseptuele keunst (conceptual art) is in keunstfoarm wêrby't de ideefoarming oftewol it konsept, it om-en-by (environment), it barren (happenings) en/of de útfiering (performance) de gearstallende dielen binne. It kin sa wêze dat de konseptuele keunstner stribbet nei befrijing fan de keunst út har tradisjonele binings, sadat keunst en libben in ienheid foarmje kinne soene en de barrières tusken de ferskillende disciplines opdoekt wurde. It wurk fan sokke keunstners wurdt faak 'ynstallaasjes' neamd.

Dit artikel is in stobbe oer kultuer.
Jo wurde útnûge en foegje jo witten hjir ta.

Fertsjintwurdigers bewurkje seksje

De Frânsman Marcel Duchamp wurdt wol sjoen as de earste grutte konseptuele keunstner mei syn saneamde readymades.

Al yn 1952 hold John Cage oan it Black Mountains College in bysûnder opfallende lêzing wylst er op in ljedder stie. De lêzing waard ûnderbrutsen troch samar skoften opfold mei muzyk, mei stiltme, mei poezij en mei dûns.

Ed Kienholz en George Segal binne wichtige byldhouwers yn rûnten fan de konseptuele keunst.

Yn Nederlân hearre Marinus Boezem, Jan Dibbets en Ger van Elk ta de wichtichste fertsjintwurdigers fa konseptuele keunst en arte povera. Yn Belgje binne dat Marcel Broodthaers en de betide Danny Matthys.

Wichtige keunstners fan de konseptuele keunst bewurkje seksje

Keppelings om utens bewurkje seksje