Kopermoandei is de moandei nei de earste snein nei Trijekeningen.

Kopermoandei yn Amsterdam, 1604.

It wie it begjin fan de festeljûntiid. Oant yn de 19e iuw waard Kopermoandei op feestlike wize de pot fan de gilden, 'buorrens' en begraffenisferienings fertard en makke de jeugd lawaai. It wie ek de dei dat skippersbern har ferhierden. Yn Dokkum waard Kopermoandei oant likernôch 1960 noch fierd: Elk haad fan de húshâlding út wyk D krige in jildlike útkearing. De tiisdei dêrop waard Blikken Tiisdei neamd. Bern makken dan in soad leven mei blikken.

Yn Grou waard Kopermoandei Keatlingdei neamd.

Yn de Protestantske Gemeente Skettens-Skraard-Longerhou (Fryslân), is it oant no ta noch wenst dat de pachters fan it tsjerkelân troch de tsjerkefâden útnûge wurde foar in gearkomst. De hier wurdt lykwols al jierren net mear op dizze dei betelle.

Literatuer bewurkje seksje

Keppeling om utens bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes: