Kristina fan Bruce (dochter fan Robert I)

Kristina fan Bruce (Ingelsk: Christina Bruce; Normandysk-Frânsk: Christine de Brus; 13?? – nei 1329) wie in oerwûne dochter fan 'e ferneamde Skotske frijheidsstrider en kening Robert de Bruce. Hja stiet ek wol bekend as Kristina fan Carrick.

Kristina fan Bruce
aadlik persoan en/of hearsker
nasjonaliteit Skotsk
bertedatum 13??
berteplak ? (Skotlân)
stjerdatum nei 1329
stjerplak ? (Skotlân)
dynasty Hûs Bruce
etnisiteit Normandysk
Skotsk
Iersk

Libben bewurkje seksje

Oer Kristina fan Bruce, dy't ferneamd wie nei har muoike Kristina, is sa goed as neat bekend. Hja wie de oerwûne dochter fan 'e Skotske kening Robert I en in ûnbekende mem, en waard nei alle gedachten yn it earste fearn fan 'e fjirtjinde iuw earne yn Skotlân berne. De lêste kear dat se neamd waard yn in histoaryske boarne, wie yn 1329.

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes: