Kroandowen (Goura) foarmje in skaai yn 'e famylje fan 'e dowen (Columbidae). It skaai bestiet út fjouwer soarten. De kroandowen hearre ta de grutste dowesoarten fan 'e wrâld. It skaai waard foar it earst beskreaun troch James Francis Stephens yn 1819.

Kroandowen
Fiktoaria kroando
Fiktoaria kroando
Taksonomy
ryk: dieren (Animalia)
stamme: rêchstringdieren (Chordata)
klasse: fûgels (Aves)
boppeskift: nije fûgels (Neoaves)
skift: do-eftigen (Columbiformes)
famylje: dowen (Columbidae)
skaai kroandowen (Goura)
Stephens, 1819

Fersprieding bewurkje seksje

De fjouwer soarten fan it skaai libje allegear op Nij-Guineä en op in pear eilannen west fan Nij-Guineä. De leefgebieten fan 'e ferskillende soarten oerlaapje inoar net. Alle soarten wurde troch de IUCN as kwetsber of gefoelich (hast bedrige) klassifisearre.

Soarten bewurkje seksje

Ofbyld Wittenskiplike namme Fryske namme Fersprieding
  Goura cristata Kroando noardwestlik Nij-Guineä
  Goura scheepmakeri Readboarstkroando súdeast Nij-Guineä
  Goura sclaterii Sclaters kroando suden fan Nij-Guineä
  Goura victoria Waaierdo noarden fan Nij-Guineä
  Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Kroando fan Wikimedia Commons.