Kurobe (黒部市; Kurobe-shi) is in Japanske stêd yn de prefektuer Toyama, yn it noardwesten fan Honsjû, oan de Japanske See. Op 1 april 2008 hie Kurobe 42.505 ynwenners.

Kurobe
黒部市, Kurobe-shi
Spoarbrêge oer kleau ûnder Kurobe
Spoarbrêge oer kleau ûnder Kurobe
Polityk
Lân Japan
Regio Chubu
Prefektuer Toyama
Boargemaster Yasuo Horiuchi
Sifers
Ynwennertal 41.783 (2011)
Oerflak 426,34 km²
Befolkingsticht. 98 / km²
Hichte m
Oar
Stifting 1954
Koördinaten
Offisjele webside
(in) Offisjele webside fan Kurobe
Kurobe yn de prefektuer Toyama

De namme komt fan de rivier Kurobe, dy't ûntspringt op de berch Ushiro Tateyama (3000 meter) yn de Japanske Alpen. Letterlik betsjut Kurobe tsjustere dielen. De oarsprong fan het wurd Kurobe is net dúdlik. De namme soe te meitsjen hawwe mei dellingen yn it skaad fan bergen, of fan it Japanske wurd ikurohi foar Swarte sipres (Taxodium distichum) of fan it Ainu-wurd kurubetsu, dat "Duvelsberch" betsjut, ôfstamme kinne.

Kurobe krige op 1 april 1954 de status fan stêd (shi) nei in fúzje fan de gemeentes Sakurai (桜井町, Sakurai-machi) en Ikuji (生地町, Ikuji-machi).

Op 31 maart 2006 waard de gemeente Unazuki (宇奈月町, Unazuki-machi, 6.114 ynwenners, 341,20 km²) fan it District Shimoniikawa oan Kurobe taheakke.

Ekonomy bewurkje seksje

Kurobe moast it yn it ferline hawwe fan de fiskerij en it bouwen fan rys. Tsjintwurdich hat de stêd in protte yndustry. De grutste fabrikant fan ritsslutingen fan de wrâld, YKK, hat der syn haadfestiging. Fierder wurde yn Kurobe aluminium konstruksjematerialen makke, en rubber- en plestikprodukten. De fiedingsmiddelenyndustry makket ûnder oaren sakee, miso en soajasaus.

It besjen wurdich bewurkje seksje

 
Unazuki onsen
 
Sikehûs fan Kurobe
  • Unazuki-Onsen (hjitte wellen)

Oanswettende stêden bewurkje seksje

Partnerstêden bewurkje seksje

Sûnt 10 septimber 1970 hat Kurobe in jumelaazje mei Snits dêr't in fabryk foar ritsslutingen fêstige is. Kurobe hat sûnt 2000 in Snitsplein, en in troch de Nederlânse arsjitekt Herman Hertzberger ûntwurpen moetingssintrum foar East en West.

Oare stêdenbannen: