Lacey Duvalle, echte namme Shannon Franklin (Washington, D.C., 5 april 1982), is in rêstend Amerikaansk neakenmodel en pornografysk aktrise fan Afro-Amerikaansk komôf. Har skûlnamme wurdt ek wol (mis)stavere as Lacey Duval, Lacy Duvall of Lacy DuValle, en hja hat yn it ferline ek wol oare artystenammen brûkt, lykas Pebbles, Quita en Shandra. Duvalle sette yn 2000 útein mei in wurkpaad yn 'e Amerikaanske pornoyndustry en spile yn frijwat films. Yn 2002 waard se nominearre foar in XRCO Award en yn 2009 wûn se in Urban X Award. Yn 2012 beëinige Duvalle har karriêre as pornoaktrise.

Lacey Duvalle
persoan yn de seksyndustry
persoanlike bysûnderheden
oare artyste-
       nammen
Lacey Duval, Lacy Duvall,
Lacy DuValle, Pebbles, Quita,
Shandra
echte namme Shannon Franklin
nasjonaliteit Amerikaansk
berne 5 april 1982
berteplak Washington, D.C.
etnisiteit Afro-Amerikaansk
wurkpaad
wurksum as neakenmodel, pornoaktrise
jierren aktyf 20002012
offisjele webside
www.clublaceyduvalle.com

Libben en karriêre bewurkje seksje

Duvalle waard yn 1982 berne yn 'e Amerikaanske haadstêd Washington, D.C., mar ferfear yn 1988, doe't se seis jier wie, mei har âlden nei Los Angeles, yn 'e steat Kalifornje, dêr't se fierder opgroeide. Op 7 april 2000, twa dagen nei't se mearderjierrich wurden wie, makke Duvalle har debút as pornoaktrise yn 'e film Dirty Debutantes. Dêrfoar makke se gebrûk fan 'e skûlnamme Pebbles. Hja wist al rillegau in eksklusyf kontrakt te sluten mei de lytse studio Video Team, en ûntjoech har ta ien fan 'e populêrste swarte aktrises fan har generaasje.

Neffens de Internet Adult Film Database (IAFD) spile Duvalle yn totaal yn mear as 150 pornografyske films, û.m. foar sokke foaroansteande labels as Devil's Film, Red Light District, VCA Pictures, Hustler Video, Wicked Pictures, New Sensations, Anabolic Video, Elegant Angel, Digital Playground, Adam & Eve en Jules Jordan Video. Ek wurke se wol foar minder bekende filmstudio's, lykas Afro-Centric Productions, Pure Play Media, Black Ice, West Coast Productions, Metro, Legend Video, Platinum X Pictures en Jake Steed Productions. Fierders wie Duvalle ek wol yn 't spier fan pornowebsiden op it ynternet, wêrûnder fral BangBros.

Yn 2002 waard Duvalle nominearre foar de XRCO Award yn 'e kategory stjer fan it jier. Foar har sêne mei akteur Mario Cassinni, yn 'e film Tunnel Vision 3, wûn se yn 2009 in Urban X Award yn 'e kategory bêste p.o.v.-sêne. Uteinlik loek Duvalle har yn 2012 nei in karriêre fan tolve jier út 'e pornoyndustry werom. It nûmer Lacey Duvalle, út 2008, fan rapper Charles Hamilton, is in oade fan Duvalle. Se hat in dochter dy't fan Chloe hjit.

Lichemsskaaimerken bewurkje seksje

Lacey Duvalle is swart, mei brune eagen en swart hier. Neffens har offisjele opjefte is se 1.57 m lang, mei in gewicht fan 41 kg. Fan natuere hie se kupmaat 34C, mar yn 2006 liet se har boarsten fergrutsje ta kupmaat 34DD. Teffens hat se silikoane-ymplantaten yn har stuten ynbringe litten. Duvalle hat piercings troch har earlellen en troch beide spiennen, mei dêropta in nâlpiercing. Se hat in tatoeaazje fan in flinter rjochts fan har nâle, ien fan in hert op har lofterbil, en noch ien fan in hertsje mei tekst op har rjochterpols.

Prizen en nominaasjes bewurkje seksje

Jier Priis Resultaat Kategory Foar har optreden yn
2002 XRCO Award nominearre stjer fan it jier n.f.t.
2009 Urban X Award wûn bêste P.O.V.-sekssêne (mei Mario Cassinni) Tunnel Vision 3

Keppelings om utens bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes: