Laurentius Knappert

Laurentius Knappert (Harns, 7 july 1863 - Leien, 4 juny 1943) wie in modern teolooch.

Laurentius Knappert (1936)

Knappert waard berne yn Harns dêr't syn heit, Jan Knappert, herfoarme predikant wie. De famylje Knappert kaam fan Skiedam; syn mem wie Emilie Charlotte van Gogh.

Knappert wie fan 1903 oant 1933 heechlearaar fanwege de Nederlânske Herfoarme Tsjerke yn Leien. Hy krige niget oan de Fryske tsjerkeskiednis doe't er yn Dokkum stie fan 1889 oant 1893. Yn 1893 waard er beneamd yn Assen, dêr't er njoggen jier stien hat.

Knappert publisearre yn ferskate tydskriften oer godstsjinst en tsjerkeskiednis.

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Brouwer, J.H., en oaren (red.), Encyclopedie van Friesland, Amsterdam: Elsevier 1958, Knappert, Laurentius.