In leafdesslot is in hingelslot wat troch in fereale spantsje ticht ophongen is op in romantysk plak. De kaai wurdt fuortsmiten as symboal dat de leafde nea ferbrutsen wurde kin. Fral brêgen binne populêr foar it ophingjen fan leafdesslotten, fanwegen it útsicht, mar ek om't de kaai foar altiten fuort smiten wurde kin yn it wetter.

Leafdesslotten yn Keulen
De Milvyske Brêge, dêr't in skoft in protte leafdesslotten ophongen waarden.

Guon spantsjes sette hertsjes, koarte leafdesferklearings of letters op it slot. Dat hat him al sa fier ûntjûn dat foar-it-doel-makke slotten koft wurde kinne mei de letters fan it spantsje der in gravearre.

Dit artikel is in stobbe oer kultuer.
Jo wurde útnûge en foegje jo witten hjir ta.